Steyn Maltisten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Steyn Maltisten''', wiere namme '''Steen Maltesen Sehested''', ([[Kleaster Gudum]] (noardwest [[Jutlân]]), [[11 jannewaris]] [[1553]] - [[Kalmar]], [[22 augustus]] [[1611]]) wie in oerste-luitenant fan [[Denemark|Deensk]] komôf. Hy kaam yn [[1572]] nei de [[Nederlannen]] ta en yn [[1580]] nei [[Fryslân]]. Yn [[1581]] wied er al oerste-luitenant.
 
Hoewol't de Deenske kening him frege werom te kommen, bleau hy op útdruklik fersyk fan [[Willem Loadewyk fan Nassau|Willem Loadewyk]]. Yn de [[Slach by Boksum]] ([[17 jannewaris]] [[1586]]) waard hy finzen nomd troch Spaanske troepen út [[Stienwyk]] ûnder [[Juan Baptiste de Tassis]]; ien fan de bruorren fan Steyn Maltisten sneuvele. Sûnder grûn is Maltisten letter wol as lef beskreaun. Yn [[1587]] gie er werom nei Denemark, dêr't er in hege post krige (''rigsmarsk'').