Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
wurk
Rigel 66:
 
Yn [[1303]] wist Edwert einlings en te'n lêsten hiele Skotlân te feroverjen, en alle Skotske lieders, mei útsûndering fan William Wallace, joegen har by in plechtichheid yn [[febrewaris]] [[1304]] formeel oan him oer. Hoewol't de Ingelske kening bearde dat Skotlân no weromkeare soe nei de stân fan saken ûnder it regear fan Aleksander III, wie de Skotske ynbring yn it bestjoer fan har eigen lân minym en inkeld foar de foarm, wylst it fannijs Ingelske bestjoerders wiene dy't it foar it sizzen krigen. Doe't op [[5 augustus]] [[1305]] de fuortflechtige William Wallace troch de Ingelsen oppakt waard yn 'e neite fan [[Glasgow]] en op [[23 augustus]] te [[Londen]] [[terjochtstelling|terjochtsteld]] waard, liek de Ingelske oerwinning finaal te wêzen.
 
===De moard of Jan Comyn===
Hoewol't Robert, krektlyk as syn hiele famylje, totaal leaude yn syn eigen rjocht op it Skotske keningskip, waard er yn dy ambysje dwerseide troch twa dingen. Yn it foarste plak hiene syn eigen dieden by in protte Skotten wantrouwen opwekke, mei't er noris foar Skotlân fochten hie, en dan wer miene saak mei de Ingelsen makke hie. Boppedat hied er yn [[John III Comyn, hear fan Badenoch]], in earsten rivaal. Comyn hie folle risluter as Robert west yn syn stipe foar de Skotske saak, en hy wie besibbe oan withoefolle machtige Skotske eallju, wêrûnder de [[greve]]n fan [[Buchan]], [[Mar (Skotlân)|Mar]], [[Ross (Skotlân)|Ross]], [[Fife (Skotlân)|Fife]], [[Angus (Skotlân)|Angus]], [[Dunbar (Skotlân)|Dunbar]] en [[Strathearn]], de [[hear (aadlike titel)|hearen]] fan [[Kilbride (Skotlân)|Kilbride]], [[Kirkintilloch]], [[Lenzie]], [[Bedrule]] en [[Scraesburgh]] en de ''[[sheriff]]s'' fan [[Banff (Skotlân)|Banff]], [[Dingwall]], [[Wigtown]] en [[Aberdeen]]. Dêropta stamme er oan syn heite kant ôf fan kening [[Donald III fan Skotlân|Donald III]] en oan syn memmekant fan kening [[David I fan Skotlân|David I]], en wied er in omkesizzer fan [[Jan fan Skotlân|Jan fan Balliol]]. Dêrmei hied er nei alle gedachten in bettere oanspraak op 'e Skotske troan as Robert.
 
Neffens it histoaryske [[14e ieu|fjirtjinde-ieuske]] [[epos]] ''Brus'', fan [[John Barbour]], dat ien fan 'e seldsume min ofte mear kontemporêne boarnen oer Robert de Bruce is, tekenen en fersegelen Robert en Jan Comyn yn 'e simmer fan [[1305]] in geheime oerienkomst. Under de betingsten dêrfan joech Comyn syn oanspraken op 'e Skotske troan op yn it foardiel fan Robert, yn ruil foar de ûntfangst fan alle Skotske lânerijen fan it Hûs Bruce yn it gefal dat der op 'e nij in opstân útbrekke soe tsjin 'e Ingelsen. Hoewol't it ûnbekend is oft Barbour de ôfspraken sekuer werjoech, kin it gjin twifel lije dat Edwert I fan Ingelân Robert oppakke litte woe doe't dy letter dat jier oan it Ingelske Hof tahold. Neffens Barbour hie Comyn de geheime oerienkomst oan Edwert ferret, om sa syn rivaal út 'e wei te romjen en sels skjinne hannen te hâlden. Robert syn freon [[Ralf fan Monthermer, 1e baron Monthermer|Ralf fan Montermer]], dy't mei in dochter fan Edwert I troud wie en sadwaande it fertrouwen fan 'e kening hie, stjoerde Robert lykwols tolve [[peinje]]s en in pear [[spoar (hynsteriden)|spoaren]] ta. Robert begriep de wink en pykte mei in skyldfeint by neare nacht út.
[[File:Death_of_Comyn.jpg|left|thumb|270px|De dea fan [[Jan III Comyn, hear fan Badenoch|Jan Comyn]] yn 'e ''[[Greyfriars Kirk]]'' te [[Dumfries]].]]
 
Nei't er op dy wize halje-trawalje weromkeard wie yn Skotlân, beävensearre Robert op [[10 febrewaris]] [[1306]] in moeting mei Comyn yn 'e kapel fan it [[Sistersjinzers|sistersjinzer]] [[kleaster]], de saneamde ''[[Greyfriars Kirk]]'', te [[Dumfries]]. Dêr beskuldige er Comyn fan [[ferrie]], mei as gefolch dat se slaande deilis rekken. Neffens Barbour soe Robert Comyn dêrby lyk foar it [[heechalter]] fan 'e kapel deadien hawwe. Neffens in oare boarne, de histoaryske [[kronyk]] ''[[Scotichronicon]]'', oerlibbe Comyn it earste hângemien en waard er behannele oan syn ferwûnings, doe't Robert-en-dy hearden dat er noch yn libben wie. [[Roger fan Kirkpatrick]] soe doe mei de wurden ''"I mak siccar"'' ("Ik sil it bewissigje") mei [[John Lindsay]] ôfset wêze om Comyn wier út 'e ljochten te helpen. By Barbour ûntbrekt dit ferhaal. Hoe dan ek, foar Robert de Bruce wie it momint fan 'e [[moard]] yn 'e ''Greyfriars Kirk'' beslissend, om't er dêrmei syn opsjes werombrocht ta twa: hy moast sjen dat er kening waard, en oars soed er [[fûgelfaai]] ferklearre en as misdiediger ferfolge wurde.
 
Sadwaande spriek Robert noch yn 'e kapel foar syn neiste folgelingen, dy't er dêr by him hie, syn bedoeling út om 'e Skotske troan op te easkjen. Doe't se nei bûten giene, dêr't de folle gruttere eskortes fan himsels en Comyn it oerlis noch altyd ôfwachten, waarden troch beide partijen de swurden lutsen, en feroare it [[tsjerkhôf]] fan Dumfries yn in slachfjild dêr't Robert-en-dy de oerwinning behellen. Fuort dêrnei rieden se nei it Kastiel fan Dumfries, dêr't se it Ingelske garnizoen ta oerjefte twongen. Ut Dumfries wei hastige Robert him nei [[Glasgow]], dêr't er by biskop Wishart oangeande de moard en de ûntwijing fan 'e kapel te [[bycht]] gie en absolúsje krige. Wishart rôp de [[geastlikheid]] yn hiel Skotlân op om Robert te stypjen, mar doe't [[paus]] [[Klemins V]] fan it barren yn 'e ''Greyfriars Kirk'' hearde, [[ekskommunikaasje|ekskommunisearre]] er Robert dêrfoar.
[[File:Robert_The_Bruce_Crowned_King_of_Scots.jpg|right|thumb|250px|Robert de Bruce ta [[kening]] fan [[Skotlân]] kroane troch [[Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan|Isabella MacDuff]] (modern tablo yn it Kastiel fan Edinburch).]]