Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
wurk
Rigel 98:
 
Yn it foarjier fan [[1314]] sloech Edwert Bruce mei in leger belis foar it Kastiel fan [[Stirling (Skotlân)|Stirling]]. De kastlein, [[Filips fan Mowbray]], stimde deryn ta om dy fêsting oer te jaan as er foàr [[24 juny]] net ûntset wie. Underwilens ferovere de Swarte Douglas yn [[maart]] fan dat jier [[Roxburgh]], wylst [[Tomas Randolph, 1e greve fan Moray|Tomas Randolph, greve fan Moray]], it Kastiel fan [[Edinburch]] ynnaam. Doe't Edwert II fan Ingelân letter dat jier persoanlik in leger nei Skotlân ta late om Stirling te ûntsetten, waard er yn 'e ferneamde [[Slach by Bannockburn]] beslissend ferslein troch in Skotsk leger ûnder lieding fan Robert de Bruce, in oerwinning wêrmei't de Skotske ûnôfhinklikheid foar krapoan trijehûndert jier (oant [[1603]]) feilichsteld waard.
 
===Fierdere oarloggen===
No't it gefaar fan in Ingelske ferovering fan Skotlân ôfkeard wie, giene de Skotten sels yn 'e oanfal. It Ingelske leger waard weromdreaun oer de Skotske súdgrins, wêrnei't Skotske legers de Noardingelske greefskippen [[Kumbria]], [[Noardumberlân]], [[Yorkshire]] en [[Lancashire]] plonderen. Mei de oerwinning te [[Bannockburn]] noch farsk yn oantinken foel Robert yn [[1315]] [[Ierlân]] binnen, dat ek troch de Ingelsen oerhearske waard. Dêr kamen se [[Donal O'Neil]], de kening fan [[Tyrone]], te help, en iepenen se in nij front tsjin 'e Ingelsen.
[[File:Battle_of_Bannockburn_-_Bruce_addresses_troops.jpg|left|thumb|300px|Robert de Bruce sprekt syn troepen ta foarôfgeande oan 'e [[Slach by Bannockburn]].]]
 
Dizze ynfaazje moat yn it ljocht sjoen wurde fan Robert syn houlik mei [[Elizabeth fan Burgh]], de dochter fan [[Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster]], en teffens stamme Robert sels fia syn mem ôf fan leden fan Ierske keningshuzen, wêrûnder [[Aoife MacMurrough|Eva fan Leinster]] (st. [[1188]]), dy't sels wer ôfstamme fan kening [[Brian Boru]] fan [[Munster (keninkryk)|Munster]] en de keningen fan [[Leinster (keninkryk)|Leinster]]. Yn Robert de Bruce syn tiid bestie der noch gjin dúdlike [[etnyske groep|etnyske]] of [[taalkunde|taalkundige]] skieding tusken de [[Ieren (folk)|Ieren]] en de [[Gaelen]] fan westlik Skotlân. Sadwaande propagearre er in [[Gaelyske talen|pangaelyske]] uny fan Skotlân, Ierlân en it eilân Man.
 
Yn 't earstoan liek dat aardich te slagjen, en de Ieren kroanen Robert syn broer Edwert yn [[1316]] sels ta hege kening fan Ierlân. Súdlik fan Ulster wisten de Skotten lykwols de Ierske lieders en befolking net foar harren te winnen, mei't de súdlike Ieren mar kwealk ferskil seagen tusken in Ingelske en in Skotske oerhearsking. Uteinlik kaam oan it Ierske aventoer fan it Hûs Bruce in ein doe't Edwert Bruce yn [[1318]] yn 'e [[Slach by Faughart]] omkaam. Dy Skotske nederlaach waard yn 'e measte doetiidske Ierske annalen omskreaun as in geweldich ding foar Ierlân, mei't it in ein makke oan 'e geduerige plondertochten en [[hongersneed|hongersneden]] dêr't it miene folk fan Ierlân troch de oanhâldende striid ûnder litte.
 
===Diplomatike súksessen===
Under it regear fan Robert de Bruce waard yn [[1320]] de [[Ferklearring fan Arbroath]] ôfkundigje, wrâlds earste dokumintearre ûnôfhinklikheidsferklearring. Dêrfoar wist Robert úteinlik de de stipe te winnen fan [[paus]] [[Jehannes XXII]], dy't yn [[1328]] syn ekskommunikaasje ynloek. Fan gefolgen moast doe ek de Ingelske Kroan him tsjin heuch en meuch yn by in selsstannich Skotlân dellizze. Yn [[maaie]] [[1328]] tekene kening [[Edwert III fan Ingelân]] einlings en te'n lêsten it [[Ferdrach fan Edinburch-Northampton]], wêryn't Skotlân erkend waard as in ûnôfhinklik lân mei Robert de Bruce as kening.