Ferskil tusken ferzjes fan "Robert I fan Skotlân"

wurk
(wurk)
(wurk)
 
Mar wat syn oandwaning ek west hawwe mei, tsjin mids [[1329]] lei Robert yn it stjerren. Neffens Barbour rôp er doe de geastlikheid en adel fan Skotlân by him foar in lêste gearkomste, wêryn't er rynske jeften oan ferskate [[kleaster]]s die, dat dêr nei syn ferstjerren foar syn [[siel]] bidden wurde soe, en teffens om blyk te jaan fan syn berou oer in ûnferfolle eed om op [[krústocht]] te gean. Syn lêste winsk wie dat nei syn dea syn [[hert]] út syn lichem snien wurde soe en dat dat meinommen wurde soe nei de [[Bertetsjerke]] yn [[Jeruzalim]] foar't it wer thúsbrocht wurde soe yn Skotlân. Net lang nei dy gearkomste, op [[7 juny]] [[1329]], ferstoar Robert de Bruce yn 'e âlderdom fan 54 jier yn syn slot Cardross, deunby [[Dumbarton]]. Hy waard opfolge troch syn doe fiifjierrige soan [[David II fan Skotlân|David II]], foar wa't syn freon [[Tomas Randolph, 1e greve fan Moray|Tomas Randolph, greve fan Moray]], as regint fungearje soe.
[[File:Dunfermline_Abbey_tower.jpg|right|thumb|260px|De Abdij fan Dunfermline, dêr't Robert I fan Skotlân begroeven leit.]]
 
===Neisleep===
====It lichem====
It lichem fan Robert de Bruce waard nei syn dea [[balseming|balseme]], en syn [[boarstbonke]] waard midstwa seage sadat syn [[hert]] út syn [[boarstholte]] helle wurde koe. Neitiid waard it lichem yn 'e [[Abdij fan Dunfermline]] njonken syn earste frou byset ûnder it heechalter. Troch lettere ferbouwings en reorganisaasjes fan 'e [[abdij]] gie it plak fan it keninklike grêf lykwols ferlern. Mar doe't fiifhûndert jier letter in nij [[koar (arsjitektuer)|koar]] oan it gebou fêstboud wurde moast, ûntdieken wurklju op [[17 febrewaris]] [[1818]] in ûnbekende grêftombe, mei dêryn de restanten fan in [[iik|ikehouten]]e [[deakiste]] mei in stoflik omskot dat hielendal beklaaid wie mei twa lagen fan 5 mm tsjûk [[lead (metaal)|lead]]. Boppe de holle wie dat lead bewurke yn 'e foarm fan in kroan. Men kaam ta de konklúzje dat it grêf fan Robert de Bruce weromfûn wie.
[[File:Dunfermline_Abbey_tower.jpg|right|thumb|260px|De Abdij fan Dunfermline, dêr't Robert I fan Skotlân begroeven leit.]]
 
Nei't de ferbouwing fan 'e abdij foltôge wie, waard it stoflik omskot op [[5 novimber]] [[1819]] fierder ûndersocht [[anatoom|anatomen]] fan 'e [[Universiteit fan Edinburch]]. Dêrby seach men dat de boarstbonke fan it [[skelet]] yn 'e lingterjochting trochseage wie, wat bewiisde dat it yndie om Robert de Bruce gie. Fierders waard û.m. fêststeld dat Robert by syn dea 1.80 m lang west hie, en nei't men oannimme mocht as jongeman noch langer, wat útsûnderlik wie foar immen út 'e [[fjirtjinde ieu]]. Fuort neitiid waard it [[skelet]] fan 'e kening boppe-op in nije leadene deakiste lein om koarte tiid besichtige te wurden troch in grutte skare nijsgjirrigen dy't by de abdij gearklofte wie. Nei't it skynt waarden der doe ferskate lytsere lichemsdielen ([[tosk]]en en [[finger]]bonkjes) ûntfrjemde, nei't men oannimme mei om 'e dieven ta [[relikwy]] te tsjinjen. Dyselde deis noch waard it stoflik omskot yn 'e leadene deakiste lein, wêrnei't dêr in grutte hoemannichte raande [[pik (stof)|pik]] by yn getten waard (om 'e [[bonke]]n te preservearjen), foar't de kiste fersegele waard. Dêrnei waard de kening werbegroeven yn 'e Abdij fan Dunfermline, dêr't er noch altyd leit.
[[File:Robert_the_Bruce,_Edinburgh_Castle.jpg|left|thumb|200px|It stânbyld fan Robert de Bruce oan 'e muorre fan it Kastiel fan [[Edinburch]].]]
 
====It hert====
Nei't it hert fan 'e kening út syn boarst helle wie, waard it troch de [[James Douglas, hear fan Douglas|Swarte Douglas]] yn in [[sulver]]en kistke pleatst, dat de ridder neitiid om syn [[hals]] droech. Der wie yn dy tiid praat fan in nije [[krústocht]], mar doe't dat neat waard, sylden Douglas en ferskate selskipslju, wêrûnder de ridders [[Willem Keith fan Galston]], [[Willem fan St. Clair fan Rosslyn]] en de bruorren [[Robert Logan fan Restalrig]] en [[Walter Logan]], op eigen gelegenheid nei it [[Ibearysk Skiereilân]]. Dêr wie doedestiden in oarloch geande tusken it [[kristendom|kristlike]] [[Kastylje (keninkryk)|Kastylje]] en it [[Moaren|Moarske]] [[emiraat]] [[Granada]].
 
Neffens it ferhaal beaën Douglas-en-dy harren tsjinsten oan kening [[Alfûns XI fan Kastylje]] oan en namen se yn [[augustus]] [[1330]] diel oan 'e [[Slach by Teba]]. By it efterfolgjen fan it Moarske [[ruterfolk]] nei it ôfslaan fan in oanfal, naam de Swarte Douglas doe it kistke mei it hert fan Robert de Bruce yn 'e hân en spriek de wurden: ''"Now pass thou onward before us, as thou wert wont, and I will follow thee or die."'' ("Geane jo ús no foar, sa't jins wenst wie, dan sil ik jo folgje of stjerre.") Dêrop ûnderhelle er de earm en smiet it kistke foarút tusken de Moarske kavalery. Mar de Moaren, dy't trochkrigen dat se mar troch in lyts tal ridders efterfolge waarden, kearden op dat stuit de hynders en foelen op 'e nij oan.
 
Douglas soe tebekwike, mar seach doe dat Willem fan St. Clair fan Rosslyn besingele rekke wie troch de fijân. Mei de oare Skotten besocht er syn lângenoat te help te kommen, mar hja wiene fier yn 'e minderheid, en Douglas en de measte oaren, wêrûnder St. Clair fan Rosslyn en de beide Logan-bruorren, fûnen yn dat gefjocht de dea. Neitiid waard troch de oerlibbenen it kistke mei it hert fan Robert de Bruce op it slachfjild weromfûn, fuortby it lichem fan 'e Swarte Douglas. De ridders [[Willem Keith fan Galston]] en [[Simon Locard fan Lee]] (dy't syn namme nei oanlieding fan dit foarfal letter feroare fan 'Locard' yn 'Lockhart') bewurkmasteren dat sawol it kistke mei it hert as it lichem fan 'e Swarte Douglas weromstjoerd waarden nei Skotlân.
 
Neffens de lêste winsk fan Robert de Bruce waard syn hert neitiid begroeven yn 'e [[Abdij fan Melrose]], yn [[Roxburghshire]], dêr't it yn [[1920]] ûntdutsen waard troch [[argeolooch|argeologen]] en werbegroeven, sûnder dat de eksakte lokaasje fêstlein waard. Yn [[1996]] waard ûnder in ferbouwing yn 'e abdij in kistke fûn, dat neffens [[wittenskip]]lik ûndersyk yndie minsklike resten fan in tapaslike âlderdom befette. Yn [[1998]] waard it op 'e nij werbegroeven yn 'e Abdij fan Melrose.
 
==Foarâlden fan Robert I fan Skotlân==
<center>{{ahnentafel-compact5
|style=font-size: 90%; line-height: 110%;
|border=1
|boxstyle=padding-top: 0; padding-bottom: 0;
|boxstyle_1=background-color: #bdf;
|boxstyle_2=background-color: #bbf;
|boxstyle_3=background-color: #dcf;
|boxstyle_4=background-color: #dbf;
|boxstyle_5=background-color: #daf;
|1= 1. '''Robert I fan Skotlân'''
|2= 2. [[Robert fan Brus, 6e hear fan Annandale]]
|3= 3. [[Marjorie, grevinne fan Carrick]]
|4= 4. [[Robert fan Brus, 5e hear fan Annandale]]
|5= 5. [[Isabella fan Gloucester en Hertford|Isabella, grevinne fan Gloucester en Hertford]]
|6= 6. [[Niall, greve fan Carrick]]
|7= 7. [[Margareta Stewart|Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald]]
|8= 8. [[Robert fan Brus, 4e hear fan Annandale]]
|9= 9. [[Isabella fan Huntingdon|Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon]]
|10= 10. [[Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford]]
|11= 11. [[Isabel Marshal, grevinne fan Pembroke]]
|12= 12. [[Cailean, greve fan Carrick]]
|13= 13. ûnbekend
|14= 14. [[Walter Stewart, 3e grutsteedhâlder fan Skotlân]]
|15= 15. [[Bethóc, grevinne fan Angus]]
|16= 16. [[Willem fan Brus, 3e hear fan Annandale]]
|17= 17. Kristina
|18= 18. [[David Canmore, 8e greve fan Huntingdon]]
|19= 19. [[Maud fan Chester|Maud fan Kevelioc, paltsgrevinne fan Chester]]
|20= 20. [[Richard fan Clare, 4e greve fan Hertford]]
|21= 21. [[Amice FitzRobert]]
|22= 22. [[Willem Marshal, 1e greve fan Pembroke]]
|23= 23. [[Isabella fan Clare, 3e grevinne fan Pembroke|Isabella fan Clare, grevinne fan Pembroke]]
|24= 24. [[Donnchadh, greve fan Carrick]]
|25= 25. ûnbekend
|26=
|27=
|28= 28. [[Alan FitzWalter, 2e grutsteedhâlder fan Skotlân]]
|29= 29. [[Alesta, grevinne fan Mar]]
|30= 30. [[Gille Críst, greve fan Angus]]
|31= 31. [[Marjorie fan Huntingdon|Marjorie, grevinne fan Huntingdon]]
}}</center>
 
==Neiteam fan Robert I fan Skotlân==
{| class="wikitable"
|-
! colspan="4"|bern by [[Isabella fan Mar]]
|-
! namme
! berte
! ferstjerren
! opmerkings
|-
| [[Marjorie Bruce|Marjorie]]
| [[1296]]
| [[1316]]
| troude yn [[1315]] [[Walter Stewart, 6e grutsteedhâlder fan Skotlân]], mei wa't hja ien bern krige, [[Robert II fan Skotlân]], de earst [[Hûs Stuart|Stuart]]-kening fan Skotlân
|-
! colspan="4"|bern by [[Elizabeth fan Burgh]]
|-
! namme
! berte
! ferstjerren
! opmerkings
|-
| [[Margareta Bruce|Margareta]]
| ûnbekend
| [[1346]]/[[1347]]
| troude yn [[1345]] [[Willem fan Moraavje, 5e greve fan Sutherland]], hie ien soan, Jan ([[1346]]-[[1361]])
|-
| [[Maud Bruce|Matilda (Maud)]]
| ûnbekend
| [[1353]]
| troude Thomas Isaac, hie twa dochters
|-
| [[David II fan Skotlân|David]]
| [[1324]]
| [[1371]]
| folge syn heit op as kening; troude (1) yn [[1328]] mei [[Johanne fan de Toer|Johanne fan Ingelân]] (gjin neiteam); (2) yn [[1364]] mei [[Margareta Drummond, keninginne fan Skotlân|Margareta Drummond]] (gjin neiteam); opfolge troch syn omkesizzer [[Robert II fan Skotlân|Robert II]]
|-
| [[Jan Bruce|Jan]]
| [[1324]]
| [[1327]]
| jongere [[twilling]]broer fan David; mei 3 jier stoarn
|-
!colspan="4"|erkende ûnwettige bern by ferskate ûnbekende memmen
|-
! namme
! berte
! ferstjerren
! opmerkings
|-
| [[Robert Bruce (bastert)|Robert Bruce]]
| ûnbekend
| [[1332]]
| sneuvele yn 'e [[Slach by Dupplin Moor]]
|-
| Walter&nbsp;fan&nbsp;Odistoun
| ûnbekend
| ûnbekend
| stoar foàr syn heite dea
|-
| Margareta Bruce
| ûnbekend
| ûnbekend
| troude Robert Glen; libbe noch yn [[1364]]
|-
| Elizabeth Bruce
| ûnbekend
| ûnbekend
| troude [[Walter Oliphant, hear fan Aberdalgie]]
|-
| Kristina fan Carrick
| ûnbekend
| ûnbekend
| libbe noch yn [[1329]]
|-
| Neil fan Carrick
| ûnbekend
| [[1346]]
| sneuvele yn 'e [[Slach by Neville's Cross]]
|}
Fia syn dochter Marjorie hearre alle lettere keningen fan Skotlân ta de ôfstammelingen fan Robert I, teffens alle keningen fan [[Ingelân]] nei [[1603]], en dêropta alle [[Grut-Brittanje|Britske]] keningen en keninginnen fanôf de stifting fan [[Grut-Brittanje]] yn [[1707]] oant hjoed de dei ta.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Robert_the_Bruce ''Notes'' en ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|Robert the Bruce}}
}}
 
[[Kategory:Kening fan Skotlân]]
[[Kategory:Beskermhear fan Skotlân]]
[[Kategory:Greve fan Carrick]]
[[Kategory:Skotsk generaal]]
[[Kategory:Skotsk opstanneling]]
[[Kategory:Hûs Bruce]]
[[Kategory:Skotsk persoan fan Normandysk komôf]]