Keapman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
plaat
 
Rigel 1:
[[File:Wojciech Gerson - Gdańsk in the XVII century.jpg|thumb|keaplju yn de haven fan [[Dantzig]], 17e iuw]]
In '''keapman''' (meartal: '''keaplju'''; as froulike foarm wurdt soms '''keapfrou''' brûkt) is in persoan dy't keapwaar opkeapet en dêrnei trochferkeapet mei as doel om dêrby winst te meitsjen. Dêrby fungearret er yn 'e regel as tuskenpersoan tusken de produsint en de konsumint, hoewol't it ek wêze kin dat dêr ek noch ien of mear oare keaplju tuskenyn sitte. It belang fan keaplju is dat se keapwaar faak opkeapje op ien plak (bgl, om it foarbyld fan 'e [[VOC]] te brûken, yn [[Nederlânsk-Ynje]]) en it wer ferkeapje op in oar plak (yn it gefal fan dit foarbyld [[Nederlân]]). Mar de ôfstân hoecht fansels net sa grut te wêzen; foarhinne bestiene yn [[Fryslân]] bgl. [[bûter]]keaplju, dy't by de [[boer]]en [[bûter]] opkochten en it yn 'e [[stêd]] (of yn gruttere [[doarp]]en) wer ferkochten oan 'e boargers. Ek is it mooglik dat keaplju op ien en itselde plak fungearje as tuskenpersoan tusken de produsint en de konsumint, sadat de produsint him net ek ta hoecht te lizzen op ferkeap. Ut dit soarte fan hannel (of mei in âld wurd '''keappenskip''', útspr.: "kjeppenskip") is de moderne [[detailhannel]] ûntstien, en [[winkelman|winkellju]], dy't tsjintwurdich yn 'e regel net mear as keaplju sjoen wurde, wiene dat fan âlds wol. In winkelman is dan goed en wol beskôge ek neat oars as in [[sedintarisaasje|sedintêre]] keapman, yn tsjinstelling ta de omreizgjende [[kreammer]]s en [[sutelje|sutelder]]s fan eartiids of de hjoeddeistige [[merkkeapman|merkkeaplju]].