Planten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 46:
Planten binne [[mearselligen|rjusellige]] organismen dy't har ûnderskiede fan oare libbene organismen trochdat se [[selwand]]en hawwe dy't opboud binne út [[selluloaze]], en trochdat se foar it meastepart (de [[fleisitende plant]]en bûten beskôging litten) [[homotroof]] binne en dus har enerzjy streekrjocht út [[sinne]]ljocht helje troch [[fotosynteze]]. Dat proses fynt plak yn 'e [[gloroplast]]en of blêdgrienkerlen dy't har har griene kleur besoargje. Beskate soarten brûke foar har eigen enerzjyfoarsjenning net fotosynteze mar [[gemosynteze]]. Oare ferskillen mei (guon) oare organismen binne dat planten har hiele libben trochgroeie en dat se har sawol [[geslachtlike fuortplanting|geslachtlik]] as [[ûngeslachtlike fuortplanting|ûngeslachtlik]] fuortplantsje kinne. Planten hawwe trije basisûnderdielen: [[woartel (plant)|woartels]], in [[stâle (plant)|stâle]] en [[blêd (plant)|blêden]].
 
==Taksonomyske ndielingyndieling==
Ta de planten wurde ferskate grutte groepen rekkene, wêrûnder de [[moassen|moassen of blêdmoassen]], de [[levermoassen]], de [[haumoassen]], de [[wolvepoaten en ruskfearren]], de [[fearplanten]], de [[konifearen]], de [[blomplanten]] en de [[griene algen]] ([[grienwieren]] en [[krânswieren]]). De [[koarstmoassen]] hearre lykwols net ta de planten, mei't dat gearwurkingsfoarmen binne fan [[skimmels]] mei [[blauwieren]] of [[grienwieren]], en dy sadwaande ta it [[ryk (taksonomy)|ryk]] fan 'e skimmels rekkene wurde.