Ynstrumintelâningssysteem: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
Wurdt noch oan wurke
Rigel 5:
[[Ofbyld:ILS localizer illustration.svg|300px|thumbnail|Fisualisaasje fan de localizer- en de glideslope-sinjalen.]]
==Komponinten==
Der binne trijetwa haadkomponinten dy't meielkoar in ILS foarmje:
*De ''localizer''-antennes stjoere in sinjaal út dat brûkt wurdt om nei te gean oft de koers fan it fleantúch oanpast wurde moat om rjocht foar de baan te kommen (horizontale begelieding).
*De ''glideslope''-antennes stjoere in sinjaal út wêrmei't in piloat sjen kin oft er op de goede hichte fljocht yn ferhâlding ta de ideale daalhoeke (fertikale begelieding).
*In ''[[distance measuring equipment|DME]]''-sinjaal (net altyd oanwêzich) makket it boppedat mooglik en gean nei wat de ôfstân tusken it fleantúch en de lâningsbaan is.
 
[[Ofbyld:HSI ILS.jpg|thumbnail|De ''course deviation indicator (CDI)''. kinHjir brûktmoat wurdede foarpiloat denei fisualisaasjerjochts fanen denei ''localizer''-boppe en deta ''glideslope''-sinjalenkorrizjearje.]]
===Localizer===
De ''localizer'' (ôfkoarte ta LOC) bestiet út in rige antennes foarby de ein fan de lâningsbaan. Twa toanen wurde útstjoerd op ien fan de fjirtich beskikbere ILS-kanalen tusken 108 MHz en 112 MHz. Ien is [[amplitudemodulaasje|modulearre]] op 90 Hz en de oare op 150 Hz, mar beide binne like sterk.
Line 20 ⟶ 19:
 
Kriget de ûntfanger yn it fleantúch ien fan beide toanen krêftiger binnen as de oare, dan fljocht it fleantúch te heech of te leech oangeande de daalhoeke fan trije graden. De trijehoekjes oan de siden fan de ''course deviation indicator'' jouwe dan oan oft en hoe't der korrizjearre wurde moat.
 
==Marker beacons==
Somtiden beskikt in ILS oer ''marker beacons'', dy't op in draachfrekwinsje van 75 MHz rjocht omheech radiosinjalen útstjoere. By it oerfleanen fan dizze ''markers'' wurde der yn de cockpit ljocht- en lûdssinjalen jûn om de ôfstân ta de lâningsbaan oan te jaan. Sa kin in piloat neigean oft de hichte fan it fleantúch oerienkomt mei de hichte dy't heart by dy ôfstân. Tichter nei de baan ta wurde de lûdssinjalen koarter en heger fan toan.
 
[[Kategory:Loftfeartynstrumint]]