Ynstrumintelâningssysteem: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
Wurdt noch oan wurke
Utwreiding
Rigel 13:
De ''localizer'' (ôfkoarte ta LOC) bestiet út in rige antennes foarby de ein fan de lâningsbaan. Twa toanen wurde útstjoerd op ien fan de fjirtich beskikbere ILS-kanalen tusken 108 MHz en 112 MHz. Ien is [[amplitudemodulaasje|modulearre]] op 90 Hz en de oare op 150 Hz, mar beide binne like sterk.
 
As de ûntfanger yn it fleantúch ien fan dizze toanen krêftiger binnenkriget as de oare, dan fljocht it fleantúch net rjocht foar de baan. De nuddel fan it oangeande ynstrumint yn de cockpit, bygelyks de ''course deviation indicator'' (CDI)'', stiet dan net yn it midden. Sa kin in piloat sjen oft en hoe't er korrizjearje moat.
 
===Glideslope===
It stasjon fan de ''glideslope''-stasjon (glydpaad; ôfkoarte ta GS of GP) bestiet út in tal fertikaal pleatste antennes op in peal dy't benjonken de baan en hûndert meter foar de lâningssône (''touchdown zone'') stiet. It ''glideslope''-sinjaal mei de toanen fan 90 Hz en 150 Hz wurdt útstjoerd op in draachfrekwinsje tusken 329,15 MHz en 335 MHz, op deselde wize as it ''localizer''-sinjaal. De antennehichte bepaalt de daalhoeke nei de baan, dy't meastentiids sa'n trije graden is.
 
Kriget de ûntfanger yn it fleantúch ien fan beide toanen krêftiger binnen as de oare, dan fljocht it fleantúch te heech of te leech oangeande de daalhoeke fan trije graden. De trijehoekjes oan de siden fan de ''course deviation indicator''CDI jouwe dan oan oft en hoe't der korrizjearre wurde moat.
 
==Marker beacons==
Somtiden beskikt in ILS oer ''marker beacons'' (merkbeakens), dy't op in draachfrekwinsje van 75 MHz rjocht omheech radiosinjalen útstjoere. By it oerfleanen fan dizze ''markers'' wurde der yn de cockpit ljocht- en lûdssinjalen jûn om de ôfstân ta de lâningsbaan oan te jaan. Sa kin in piloat neigean oft de hichte fan it fleantúch oerienkomt mei de hichte dy't heart by dy ôfstân. Tichter nei de baan ta wurde de lûdssinjalen koarter en heger fan toan.
 
===Outer marker (OM)===
[[Ofbyld:Outer Marker Indicator.gif|thumbnail|left|Blauwe ''outer marker'']]
De ''outer marker'' (bûtenmerkbeaken) stiet yn de regel 7,2 kilometer (3,9 nautyske milen) foar de baandrompel, of it moat wêze dat dat net mooglik is. De ''outer marker'' mei dan op in oar plak stean, mar altyd minimaal 6,5 kilometer (3,5 nautyske milen) en maksimaal 11,1 kilometer (6,0 nautyske milen) foar de baandrompel. It sinjaal bestiet út lange toanen mei in frekwinsje fan 400 Hz. By it oerfleanen ljochtet der yn de cockpit in blau lampke op. De ''outer marker'' wurdt brûkt om nei te gean oft de hichte fan it fleantúch ynoarder is.
 
{{clearleft}}
===Middle marker (MM)===
[[Ofbyld:Middle Marker Indicator.gif|thumbnail|left|Giele ''middle marker'']]
De ''middle marker'' (middenmerkbeaken) stiet goed 1066 meter foar de baandrompel en jout it punt oan dêr't der by min sicht fisueel kontakt mei de lâningsbaan wêze moat. Is dat net it gefal, dan mei de lâning net trochsetten wurde. It sinjaal bestiet út ôfwikseljend koarte en lange toanen mei in frekwinsje fan 1,3 kHz. By it oerfleanen ljochtet yn de cockpit in giel lampke op.
 
{{clearleft}}
===Inner marker (IM)===
[[Ofbyld:Inner Marker Indicator.gif|thumbnail|left|Wite ''inner marker'']]
De ''inner marker'' (binnenmerkbeaken) stiet sa'n 305 meter (1000 foet) foar it begjin fan de lâningsbaan om, by min sicht, oan te jaan dat de lâningsbaan tichtby is. It sinjaal bestiet út koarte toanen mei in frekwinsje fan 3,0 kHz. Yn de cockpit ljochtet by it oerfleanen in wyt lampke op.
 
De ''inner marker'' wurdt yn de boargerloftfeart oer de hiele wrâld eins net mear brûkt. Allinnich de militêre loftfeart wol der noch wolris brûk fan meitsje.
 
{{clearleft}}
===DME===
''Distance measuring equipment'' (ôfstânmjitapparatuer), meastentiids ôfkoarte ta DME, soarget derfoar dat in piloat de ôfstân ta de lâningsbaan wit. Dit systeem wurdt faak yn kombinaasje mei of ynstee fan ''marker beacons'' brûkt. Twa wichtige foardielen fan DME binne dat de apparatuer op it fleanfjild stiet en dat in piloat hieltiten de ôfstân ta de lâningsbaan ôflêze kin op in ynstrumint yn de cockpit. It DME-sinjaal kin keppele wurde oan it ILS-sinjaal. Mei it ynstellen fan de ILS-frekwinsje op de radio wurdt dan automatysk DME selektearre.
 
[[Kategory:Loftfeartynstrumint]]