Ynstrumintelâningssysteem: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Utwreiding
Utwreiding
Rigel 1:
{{wurk}}
 
It '''ynstrumintelâningssysteem''' ([[Ingelsk]]: ''instrument landing system'', '''ILS''') is in radionavigaasjesysteem dat in piloat fan in [[fleantúch]] horizontale en fertikale begelieding jout by itde oanfleanenneiering fan in lâningsbaan. Hjirby wurdt brûk makke fan twa ferskillende radiosinjalen. Op in ynstrumint dat oansletten is op in ûntfanger kin in piloat sjen oft hy rjocht foar de baan en op de goede hichte fljocht. Op dizze wize kin in lâning ek by (tige) min sicht útfierd wurde.
 
[[Ofbyld:ILS localizer illustration.svg|300px|thumbnail|Fisualisaasje fan de localizer- en de glideslope-sinjalen.]]
Rigel 42:
===DME===
''Distance measuring equipment'' (ôfstânmjitapparatuer), meastentiids ôfkoarte ta DME, soarget derfoar dat in piloat de ôfstân ta de lâningsbaan wit. Dit systeem wurdt faak yn kombinaasje mei of ynstee fan ''marker beacons'' brûkt. Twa wichtige foardielen fan DME binne dat de apparatuer op it fleanfjild stiet en dat in piloat hieltiten de ôfstân ta de lâningsbaan ôflêze kin op in ynstrumint yn de cockpit. It DME-sinjaal kin keppele wurde oan it ILS-sinjaal. Mei it ynstellen fan de ILS-frekwinsje op de radio wurdt dan automatysk DME selektearre.
 
==ILS-kategoryen==
*ILS-kategory I: in sekuere ynstruminteneiering en -lâning mei in ''decision height'' (de hichte dêr't besluten wurde moat oft de lâning trochsetten wurde mei) fan minimaal 200 foet en mei in sicht fan minimaal 800 meter yn de loft of minimaal 550 meter op de lâningsbaan as dizze net beskikt oer ''centerline lighting'' (ferljochting yn it midden fan de baan).
*ILS-kategory II: in sekuere ynstruminteneiering en -lâning mei in ''decision height'' fan minimaal 100 foet en mei in sicht fan minimaal 350 meter (neffens [[ICAO]]) op de lâningsbaan.
*ILS-kategory III is fierder opdield yn trije subkategoryen.
**ILS-kategory III A: in sekuere ynstruminteneiering en -lâning mei in ''decision height'' fan minimaal 50 foet en mei in sicht fan minimaal 200 meter op de lâningsbaan.
**ILS-kategory III B: in sekuere ynstruminteneiering en -lâning mei in ''decision height'' tusken 0 en 50 foet en mei in sicht fan minimaal 75 meter op de lâningsbaan.
**ILS-kategory III C: in sekuere ynstruminteneiering en -lâning sûnder ''decision height'' en sûnder sichtminimum op de lâningsbaan.
 
[[Kategory:Loftfeartynstrumint]]