Jacht (aktiviteit): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side
 
L →‎Skiednis: - kaksel
Rigel 8:
[[File:243_WSSM_Olympic_Arms_AR15.jpg|left|thumb|220px|In [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] trofeejager.]]
 
Yn 'e iere [[tweintichste ieu]] krige in diel fan 'e Westerske elite it foar de moade om nei fiere oarden (bgl. [[Afrika]]) ôf te reizgjen mei de bedoeling om op grut wyld te jeien, poer foar de [[jachttrofee|trofeeën]]. Soksoarte jachtpartijen stiene oan 'e widze fan 'e moderne [[safary]]. Tsjintwurdich dogge de measte minsken net mear oan jacht, en, sterker noch, is der yn 'e measte Westerske maatskippijen sels in wjerkakselwjeraksel tsjin jacht ûntstien, dy't him yn [[Nederlân]] [[polityk]] uteret yn 'e oanwêzigens fan 'e [[Partij foar de Dieren]] yn 'e [[Twadde Keamer]].
 
Yn Nederlân wurdt no eins inkeld noch jage om troch wylde bisten oanrjochte skea of feroarsake oerlêst tsjin te gean of by wize fan natoerbehearkingsmaatregel, dus om troch it ôfsjitten fan eksimplaren fan beskate bistesoarten it natuerlik lykwicht te reparearjen. Sels dat stiet ta diskusje, mei't it ôfsjitten fan bygelyks ferwyldere [[kat]]ten neat oplost, om't de frijkommen [[nys (biology)|nys]] daliks wer troch in oare kat ynnommen wurdt.