J.R. Carrington: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 21:
Carrington waard yn [[1968]] berne yn [[Tahoe City (Kalifornje)|Tahoe City]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Kalifornje]], deunby de grins mei [[Nevada]]. Hja waard troch har rike, [[konservatyf joadendom|konservatyf]]-[[joadendom|joadske]] âlden grutbrocht yn [[Newport Beach (Kalifornje)|Newport Beach]], oan 'e Kalifornyske kust, ûnder de reek fan [[Los Angeles]].
 
Yn [[1994]] skiede Carrington fan har earste man, wêrnei't se geregeldwei út har doetiidske wenplak [[South Lake Tahoe (Kalifornje)|South Lake Tahoe]] nei de [[gokken|gokstêd]] [[Reno (Nevada)|Reno]], yn Nevada, begûn te reizgjen, om dêr as [[stripper]] yn in [[stripklub]] te wurkjen. Fia-fia berikte in foto fan har it buro fan [[Mark Carriere]], de eigner fan 'e [[pornografyske film]]studio ''[[Leisure Time ProductionsEntertainment]]''. Dyselde naam doe kontakt op mei Carrington en frege har om mei him út te gean. Carrington gie dêr op yn en ferhuze werom nei súdlik Kalifornje doe't sy en Carriere in relaasje krigen.
 
===Pornokarriêre===