Ferskil tusken ferzjes fan "Robert I fan Skotlân"

L
 
Minder as in jier letter, yn [[maaie]] [[1297]], briek der lykwols ûnder in [[William Wallace]], in man fan nederich komôf, in opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking út. Robert syn heit naam gjin diel oan dy rebûlje, en loek him op 'e nij werom yn Carlisle. Ut brieven is dúdlik dat er syn soan der mei oandriuw ta besocht te bewegen om [[Jan fan Warenne, 6e greve fan Surrey|Jan fan Warenne, greve fan Surrey]] te stypjen, de Ingelske befelhawwer yn Skotlân, dy't yn 'e fierte oan 'e Bruces besibbe wie. De jonge Robert, lykwols, skynt tsjin dy tiid ûnder de ynfloed rekke te wêzen fan syn pake' freonen, [[Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân]] en [[Robert Wishart]], de [[biskop]] fan [[Glasgow]], dy't har yn [[july]] by de opstannelingen joegen. Robert wie doedestiden 22 jier âld en harke net mear nei syn heite oarders. Hy bejoech him nei Annandale, dêr't er de [[lienman|lienlju]] fan syn famylje gearrôp en him by de opstân oansleat.
[[File:William_Wallace_Statue_,_Aberdeen2.jpg|left|thumb|250px|It stânbyld fan 'e [[Skotlân|Skotske]] frijheidsstrider [[William WallacWallace]], yn [[Aberdeen]].]]
 
Op [[7 july]] sleaten Robert-en-dy in ferdrach mei de Ingelsen dat bekend kaam te stean as de [[Kapitulaasje fan Irvine]]. Dêrby waard fêstlein dat Skotske eallju nea tsjin har wil oersee yn it Ingelske leger hoege soene te tsjinjen, en waard de oangeande hearen harren opstannigens ferjûn, yn ruil foar it swarren fan in nije eed fan trou oan Edwert. Biskop Wishart, Jakobus Stewart en [[Aleksander Lindsay fan Barnweill]] stiene boarch foar Robert oant er syn jonge dochter [[Marjorie Bruce|Marjorie]] as gizelster oan Edwert útleverje soe. Dat barde lykwols nea, om't Robert koarte tiid letter alwer yn 'e opstân behelle wie.