Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
everything
removed typos
Rigel 3:
 
== Biografy ==
Nei de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn [[Harns (stêd)|Harns]] studearre er [[politikology]] oan de Universiteit fan [[Amsterdam]]. Dy stúdzje wie dêr doe, yn 1983, noch Marxistyskmarxistysk oriïntearre en dat soe in belangrike ynfloed foarmje op it libben en wurk fan De Vries. Yn Amsterdam ûntwikkele him in grutte belangstelling foar de literatuer, benammen foar poëzij.
 
Nei syn tsjinstplicht tekene er by en wurke noch seis jier op kontraktbasis as ynljochtinge-offisier. Fan 1993 oant 1996 studearre er skiednis yn Grins. Ek heechlearaar Frank Ankersmit soe, hoewol't dy in útsprutsen liberaal wie, in wichtige ynfloed hawwe op it tinken fan De Vries, troch syn yntellektuele, teoretyske beneiering fan de skiedskriuwing.
 
Underwilens joech De Vries les oan de leden fan it fredesleger yn [[Bosnje|Bosnië]] en Kroatië oer de eftergrûnen fan it konflikt yn datdy lânlannen en skreau er dêr opinystikken oer it konflikt yn alle lanlike mediakranten. Yn 1996 waard er ferslachjouwer by it Grinslanner Algemien Parseburo Tammeling. Yn 1999 waard er, út ûnfrede oer de emosjonele en iensidige berjochtjouwing, korrespondint yn [[Belgrado]] foar it ANP, [[Trouw]] en Elsevier. Fan 2000 oant 2006 wie er bûtenlânredakteur by Elsevier en makke er foar de reportaazjes reizen nei ûnder mear eks-Joegoslavië, Roemenië, Hongarije, Eastenryk, Tsjechië, Frankryk, Poalen, Ruslân en Afghanistan.
 
FebrewarisYn febrewaris 2003 naam Abe deDe Vries it inisjatyf ta de oprjochting fan [[Farsk]], dêr't er oant oktober 2006 haadredakteur fan wie. Dêrneist skreau er op it ynternet yn syn ienmanstydskrift 'Oranzjery De Kopspiker', dat er yn 2010 ferfong troch it weblog 'Seedyksterfeartfisk'. Dat wie jierrenlang it liedende Frysk-literêre blog, mei content dy't it artistyk-kulturele likegoed as it miljeu-aktivistyske debat ynformearre.
 
Begjin 2005 folge er [[Jabik Veenbaas|Jabik Veenbaas]] op as proazaresinsint by de [[Ljouwerter Krante]]. Fan 2006 oant 2011 wie er útjouwer by de [[Friese Pers Boekerij]]/Noordboek. Fan 2011 ôf is er ferbûn oan it [[Frysk Deiblêd|Friesch Dagblad]], earst as resinsjeskriuwer fan Fryske poëzij en esseeïstyske publikaasjes, ferslachjouwer fan algemien-kulturele ûnderwerpen en kollumnist fan de wyklikse kollum 'Skroeier', en fan 2014 ôf ek as einredakteur fan it Friesch Dagblad.
Rigel 18:
Yn syn jeugd skreau De Vries al Nederlânsktalige fersen. Yn de hjerst fan 2002 debutearre er yn Fryslân mei de bondel ''De weromkommer yn it ûnlân''. Gedichten út de bondel waarden earder yn de Fryske literêre tydskriften [[Trotwaer]], [[Hjir]] en [[Kistwurk]] publisearre. Fan it fernijende, dwerse Kistwurk wie er ek redaksjelid.
 
Yn syn iere poëzij besocht er in lykwicht te finen tusken it hjoed en syn ferlerne jeugd yn Winaam, mei dêroan besibbe it tema fan de ferlerne leafde. Ek East-Europa wie yn dy perioade gauris ûnderwerp fan syn fersen. Letter is de leafde, it sykjen nei de betsjuttingsfolle oar, it finen en it wer ferliezen fan burgen-wêzen, sintraal yn syn dichtsjen kommen te stean. Dêrneist fynt men yn syn dichtsjen ek gauris omtinken foar it ferlern gean fan de Fryske taal, de skiednis en de oantaasting fan de noardlike Fryske kuststreek en de marzjinale posysje fan de Frysktalige keunstner. De Vries syn lyryske poëzij lit in ûntjouwing sjen fan benammen byld-oriïntearre gedichten nei in bredere, mear ferheljende poëzij dêr't de muzyk fan de taal alle romte yn krijt.
 
Yn 2005 krige De Vries de [[Gysbert Japicxpriis]] foar syn twadde bondel ''In waarm wek altyd''. Hy is dêrmei, neist [[Trinus Riemersma]], [[Jan Wybenga]] en [[Willem Abma]] de fjirde Fryske skriuwer dy't de priis krige foar in jong oeuvre; der hat noch nea sa'n koarte tiid sitten tusken it skeppenopnimmen fan it wurkliterêre metier en it ûntfangen fan de Gysbert Japicxpriis sitten as by ''Init waarmtakennen wekfan altyd''dy priis oan De Vries.
 
Yn jannewaris 2013 ferskynde de sechsde bondel ''Ravensulver/Ravenzilver''. Al twa jier letter, yn 2015, ferskynde de sânde bondel, ''Brek dyn klank''. ''Brek dyn klank'' giet opnij yngietyn op de postmoderne ûntwoartele relaasjes, mar fan in mear delikaat, trochlibbe perspektyf út as it eardere wurk, wylst it tagelyk de klassike foarm bewarret.
 
== Essees ==
Dêrneist is De Vries ien fan de belangrykste esseeskriuwers fan Fryslân. In stikmannich wichtige essees oer de Fryske poëzij hawwe har wei fûn as ynliedingen fan antologyen en sammelbondels. De esseebondels oer de Fryske literatuer, ''Identiteit & kowesturten'' út 2008, ''Erfskip & krisis'' út 2015 en ''Winternocht & moannereis'', yn tarieding, binne in ideosynkratyske mjuks fan empiryske literatuerskiednis, filosofyske kultuerkrityk en persoanlike refleksje op de eigen woartels. De fariearre aspekten wurde byinoar holden troch in sterk engaazjemint. De lêste bondel, ''Winternocht & moannereis'', is dêrby rjochte op dekanonisearring fan de njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer.
 
== Fotografie ==
It fotowurk is op it snijflak fan dokumintêrefotografydokumintêre fotografy en keunstfotografy. Faak is it Fryske lânskip it ûnderwerp en de muze. Utstallingen fan it wurk ha west yn de Skierstins yn Feanwâlden, Tresoar yn Ljouwert en yn Earnewâld.
 
== Bibliografy ==
Rigel 44:
* 2008 - ''Identiteit & kowesturten. Essees oer Fryske literatuer''
* 2015 - ''Erfskip & krisis. Essees oer Fryslân en Fryske literatuer 2''
* 2016 - yn tarieding - ''Winternocht & moannereis.'' ''Essees oer Fryslân en Fryske literatuer 23''
 
===Oersettings===
Rigel 55:
* 2011 - ''Fergettten pommerant. De poëzij fan Tjitte Piebenga as 'missing link''' (Ynlieding by it Sammele Wurk - Poëzij fan [[Tjitte Piebenga]])
* 2012 - ''De tsjustere Apollo'' (Ynlieding by de Samle Fersen fan [[Jan Wybenga]])
* 2013 - ''Bulldozers en bloednoazen. De stadsrand van Leeuwarden. '' (Foto's fan de stedsrâne fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]])
* 2014 - ''Friesland''-''Fryslân'' (Foto's fan Fryslân)
 
=== Gearstald ===