Ferskil tusken ferzjes fan "Robert I fan Skotlân"

L
red
L (korr)
L (red)
| amtsperioade2 =
| foargonger2 = [[Marjorie fan Carrick, 3e grevinne fan Carrick|Marjorie]]
| opfolger2 = [[EdwardEdwert fan Bruce|Edwert]]
| funksje3 = hear fan [[Annandale]]
| regear3 = [[1304]] – [[1312]]
| amtsperioade3 =
| foargonger3 = [[Robert fan BrusBruce, 6e hear fan Annandale|Robert VI]]
| opfolger3 = [[Tomas Randolph, 1e greve fan Moray|Tomas]]
}}
==Libben==
===Jonkheid===
Robert de Bruce waard yn [[1274]] berne, wierskynlik op it Kastiel fan [[Turnberry]], yn it [[Skotlân|Skotske]] [[Ayrshire]], de residinsje fan 'e greven fan [[Carrick]], de famylje fan syn mem. Hy wie de âldste soan fan [[Robert fan BrusBruce, 6e hear fan Annandale]], en [[Marjorie, grevinne fan Carrick]]. De famylje fan syn mem wie in âld [[Gaelen|Gaelysk]] laach, dat sûnt minskewitten it greefskip [[Carrick]], yn [[Galloway]], yn besit hie. Robert syn mem Marjorie wie de lêste fan har [[skaai (famylje)|skaai]], en as [[erfdochter]] wie se oant har houlik regearjend grevinne fan Carrick. Neffens it ferhaal wie hja in formidabele frou, dy't Robert syn heit op har kastiel finzen hold oant er deryn tastimde om mei har te trouwen.
 
Oan syn heitekant stamme Robert út in [[Normandje|Normandysk]] [[ridder]]geslacht, dat him ûnder it regear fan kening [[David I fan Skotlân|David I]] yn [[1124]] yn Skotlân fêstige hie, en dat dêr de [[hearlikheid (gebiet)|hearlikheid]] fan [[Annandale]], yn [[Dumfries en Galloway]], yn besit krigen hie. It Hûs Bruce hie lykwols ek grutte lânerijen yn [[Durham (greefskip)|Durham]], yn it noarden fan [[Ingelân]], en yn [[Esseks]] en [[Middelseks]], yn súdlik Ingelân. Robert syn heit Robert fan BrusBruce stamme fia syn beppe oan heitekant [[Isabella fan Huntingdon]] fan (dy har pake) kening David I ôf, wat Robert letter in oanspraak op 'e Skotske troan jaan soe.
[[File:Robert_the_Bruce.jpg|left|thumb|200px|It stânbyld fan Robert de Bruce yn it Kastiel fan [[Stirling (Skotlân)|Stirling]].]]
 
Oer Robert syn jonkheid is suver neat bekend. Nei alle gedachten waard er grutbrocht yn in ferminging fan 'e [[Anglo-Normandysk]]e [[kultuer]] fan 'e [[adel|aadlike]] fermiddens fan noardlik Ingelân en súdeastlike Skotlân, dêr't syn heite famylje ta hearde, en de [[Gaelen|Gaelyske]] [[kultuer]] fan súdwestlik Skotlân dêr't syn memme famylje út fuortkaam. Yn it doedestiden [[Skotsk-Gaelysk]]talige Carrick en Annandale soe Robert wierskynlik trijetalich grutbrocht wêze, sadat er like floeiend [[Normandje|Normandysk]]-[[Frânsk]], [[Skotsk-Gaelysk]] as [[Skotsk]] spriek. Robert hie njoggen bruorren en susters, en it is goed mooglik dat hy en syn broer [[EdwardEdwert fan Bruce|Edwert]] in diel fan harren jonkheid as pleechbern troch oare aadlike famyljes grutbrocht binne, sa't wenst wie ûnder de âlde Gaelyske adel.
 
Nei it ferstjerren fan kening [[Aleksander III fan Skotlân|Aleksander III]] yn [[1286]], fjouwer jier letter folge troch de dea fan syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer [[Margareta fan Skotlân|Margareta]], byneamd de Faam fan Noarwegen, ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau. Robert wie doedestiden sechstjin jier, âldernôch om him bewust te wêzen fan 'e wichtigens fan sokke foarfallen, yn 't bysûnder mei it each op 'e eigen keninklike konneksje fan syn famylje. Om dyselde tiid hinne waard er ta [[ridder]] slein, en twa jier letter, yn [[1292]], kaam syn mem ûntidich te ferstjerren. Datselde jiers besleat [[Edwert I fan Ingelân]], dy't him op fersyk fan 'e saneamde beskermhearen fan Skotlân oer de saak bûgd hie, dat de Skotske troan oan [[Jan fan Skotlân|Jan fan Balliol]] jûn wurde moast, dat in efterneef fan Robert syn pake oan heitekant wie. Syn pake, [[Robert fan BrusBruce, 5e hear fan Annandale]], joech suver fuort dêrnei net inkeld syn oanspraak op 'e Skotske troan, mar ek syn hearskippij oer Annandale op, mooglik sadat er net trou hoegde te swarren oan syn efterneef. Sadwaande waard Robert syn heit, [[Robert fan BrusBruce, 6e hear fan Annandale]] doe regearjend hear oer Annandale, en joech er syn regear oer Carrick, it greefskip fan syn frou, op, dat doe oan 'e jonge Robert tafoel.
 
By de kroaning fan Jan fan Skotlân, te [[Berwick-upon-Tweed]], twong Edwert fan Ingelân lykwols foar himsels erkenning ôf as "alderheechste hear" (''Lord Paramount'') fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy tenei de [[lienhear]] fan 'e kening fan Skotlân wie. Om't Robert syn pake en heit har eigen oanspraak op it keningskip as de iennichste jildige beskôgen en Jan fan Balliol as in [[usurpator]] seagen, dy't ûnrjochtlik de Skotske troan beset hold, stipen de leden fan it Hûs Bruce Edwert by it ûndergraven fan it gesach fan 'e nije kening. Jan wie dêrtroch twongen om him, ta argewaasje fan 'e measte Skotten, wat langer wat mear as in [[lienman|fazal]] fan 'e Ingelske kening te hâlden en dragen.
[[File:Robert_I_and_Isabella_of_Mar.jpg|right|thumb|200px|Robert de Bruce en syn earste frou [[Isabella fan Mar]], op in tekening út [[1562]].]]
 
Yn [[1294]] easke Edwert I fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it fêstelân fan [[Jeropa]] as ûnderdiel fan 'e [[Hûndertjierrige Oarloch]] tsjin 'e [[Frankryk|Frânsen]] focht. Dat wie sels foar Jan ûnakseptabel, dat ynstee sleat er in bûnsgenoatskip mei [[Frankryk]], dêrby stipe troch syn regearingsrie, dy't dominearre waard troch it mei him ferbûne [[Hûs Comyn]]. Dat betsjutte oarloch mei Ingelân, mar doe't it oare jiers it Skotske leger oproppen waard, wegeren de leden fan it Hûs Bruce en de greven fan [[Gilbert fan Umfraville, greve fan Angus|Angus]] en [[Patrick IV, greve fan March|March]] om oan dy oprop te foldwaan. Ynstee loek it Hûs Bruce him tydlik út Skotlân werom nei harren lânerijen yn Ingelân, en Annandale en Carrick waarden dêrop troch kening Jan yn beslach nommen en oan syn bûnsmaat [[Jan Comyn, greve fan Buchan]] jûn. Yn dy ûnlijige snuorje fûn de jonge Robert noch tiid om tusken de bedriuwen troch mei syn earste frou te trouwen, [[Isabella fan Mar]], de dochter fan [[DomhnallDonald I, greve fan Mar]], mei wa't er yn [[1296]] in dochter, [[Marjorie fan Bruce|Marjorie]], krije soe.
 
===It begjin fan 'e Skotsk Unôfhinklikheidsoarloggen===
It is mooglik dat Robert koart nei't de Skotten de Ingelsen ûnder Surrey yn 'e [[Slach by Stirling]] ([[1297]]) ferslein hiene, fannijs in oerienkomst mei de fijân sleat. In sterke oanwizing dêrfoar kin wêze dat Edwert nei de Skotske nederlaach yn 'e [[Slach by Falkirk (1298)|Slach by Falkirk]] ([[1298]]) Annandale en Carrick net konfiskearre, sa't er dat wol die mei de besittings fan oare opstannige eallju. Ien histoaryske boarne wol hawwe dat de reden dêrfoar wie dat Robert by Falkirk foar de Ingelsen focht, mar oan 'e oare kant is syn namme net te finen op 'e saneamde ''[[Falkirk Roll]]'', dêr't alle by de slach oanwêzige eallju yn it Ingelske leger yn neamd wurde. Boppedat paste Robert nei de slach yn Annandale de taktyk fan 'e [[ferskroeide ierde]] ta om foar te kommen dat de Ingelsen baat hawwe soene fan harren oerhearsking fan it gebiet, en stiek er om dyselde reden it Kastiel fan Ayr yn 'e brân.
 
Nei de nederlaach by Falkirk stapte William Wallace op as beskermhear fan Skotlân, en waard er opfolge troch Robert en [[Jan III Comyn, hear fan Badenoch]]. De beskermhearen wiene [[regint]]en, dy't it lân bestjoerden yn 'e ôfwêzigens fan 'e kening, mar it twatal Bruce en Comyn krige datoangeande neat foarinoar, mei't de beide rivalen net oer harren skeel hinne stappe koene. Uteinlik waard yn [[1299]] [[WilliamWillem fan Lamberton]], de biskop fan [[St. Andrews]], as trêde beskermhear tafoege om as midsman te fungearjen tusken de oare beide. Doe't dat ek net holp, stapte Robert yn [[1300]] op as beskermhear en waard er ferfongen troch [[Ingram fan Umfraville]]. Noch wer in jier letter treden Comyn, Lamberton en Angus ek ôf en waarden se ferfongen troch de neutrale [[Jan fan Soules]], in Skotsk patriot dy't útkeazen waard om't er neutraal wie yn 'e striid tusken de Comyns en de Bruces. Soules sette him derfoar yn om Jan fan Balliol wer op 'e Skotske troan te krijen.
 
Nei't yn 'e simmer fan [[1301]] in nije Ingelske ynfaazje fan Skotlân mislearre wie, waard der in wapenstilstân fan njoggen moannen ôfkundige. Om dy tiid hinne ûnderwurp Robert him mei ferskate oare Skotske eallju oan Edwert fan Ingelân, mooglik om't derfan grute waard dat Jan fan Balliol mei koarten frijlitten wurde soe om wer kening te wurden. Dêr bliek lykwols neat fan oan te wêzen. Datselde jiers troude Robert ek mei syn twadde frou, [[Elizabeth fan Burgh]], de dochter fan [[Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster]]. Mei har krige er fjouwer bern: de [[twilling]] [[David II fan Skotlân|David]] (dy't him letter opfolgje soe) en Jan (dy't as bern stoar), en fierders twa dochters, [[Maud fan Bruce (dochter fan Robert I)|Matilda]] en [[Margareta fan Bruce (dochter fan Robert I)|Margareta]].
[[File:Robert_The_Bruce_Marischal_College.JPG|right|thumb|250px|De kop fan it stânbyld fan Robert de Bruce foar it Marisschal Kolleezje te [[Aberdeen]].]]
 
 
===Oarloch om 'e troan===
Op [[25 maart]] [[1306]], seis wiken nei de moard op Comyn, liet Robert him yn [[Scone (Skotlân)|Scone]], by [[Perth (Skotlân)|Perth]], troch biskop [[WilliamWillem fan Lamberton]] fan [[St. Andrews]] kroane ta kening fan Skotlân. Dat waard dien mei alle byhearrende pracht en preal, en yn it keningsklaad dat [[Robert Wishart]] foar de Ingelsen ferburgen holden hie. Oanwêzich wiene de biskoppen fan [[Glasgow]] en [[Moray]] en de greven fan [[Jan fan Strathbogie, greve of Atholl|Atholl]], [[Alan I, greve fan Menteith|Menteith]], [[Malcolm II, greve fan Lennox|Lennox]] en [[Domhnall II, greve fan Mar|Mar]]. De oare deis arrivearre [[Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan|Isabella MacDuff]], de frou fan [[Jan Comyn, 3e greve fan Buchan|Jan Comyn, greve fan Buchan]] (in neef fan 'e fermoarde Jan Comyn), dy't it rjocht fan har famylje, de [[Klan MacDuff|MacDuff]]-greven fan [[Fife (Skotlân)|Fife]], opeaske om 'e Skotske kening te kroanjen, út namme fan har broer, [[DonnchadhDuncan IV, greve fan Fife|Donnchadh IV]], dy't minderjierrich en yn Ingelske hannen wie. Sadwaande waard kroaningsseremoanje doe nochris oerdien.
 
Yn [[juny]] [[1306]] waard Robert ferslein yn 'e [[Slach by Methven]], en yn [[augustus]] kamen de Ingelsen him oer it mad te [[Strathfillan]], dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Syn frou en dochters en de oare froulju fan syn selskip stjoerde er doe ûnder de beskerming fan syn broer [[Neil fan Bruce|Neil]] en [[Jan fan Strathbogie, greve of Atholl]], nei [[Kildrummy]], wylst er sels ûndergrûnsk gie mei syn meast fertroude folgelingen, wêrûnder syn bruorren [[Tomas fan Bruce|Tomas]], [[Aleksander fan Bruce|Aleksander]] en [[Edwert Bruce|Edwert]], [[JamesJakobus Douglas, hear fan Douglas|JamesJakobus Douglas]] (better bekend as de Swarte Douglas), [[Gilbert Hayfan (konstabel)|GilbertLa Hay]], [[NiallNeil macCampbell Cailean(stoarn yn 1316)|Neil Campbell]] en [[Malcolm II, greve fan Lennox]].
 
Yn 'e [[maityd]] fan [[1307]] late Edwert I fannijs in kampanje yn Skotlân. Hy besette Annandale, Carrick en de lânerijen fan Robert syn folgelingen, en skonk dy oan syn eigen oanhingers. Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn dochter Marjorie, syn susters [[Kristina fan Bruce (suster fan Robert I)|Kristina]] en [[Marije fan Bruce|Marije]] en Isabella MacDuff waarden nei ferrie troch [[Willem II, greve fan Ross]], yn [[Tain]] finzen nommen en útsûnderlike ûnmeilydsum behannele. Dat wie benammen it gefal mei Marije Bruce en Isabella MacDuff, dy't op it binnenplak fan 'e kastielen fan [[Roxburgh]], resp. [[Berwick-upon-Tweed]] yn 'e iepen loft yn koaien ophongen waarden en sa de folgjende fjouwer jier trochbrochten. Ek Robert syn broer Neil krigen de Ingelsen yn Tain te pakken, en dy waard terjochtsteld. Koarte tiid letter, op [[7 july]], stoar Edwert I sels ek, en liet er de oarloch tsjin Robert de Bruce oer oan syn folle minder krêftdiedige soan [[Edwert II fan Ingelân|Edwert II]].
[[File:War of Independence figures by Wm Hole.JPG|left|thumb|250px|In [[Fiktoriaanske Tiid|fiktoriaansk]] groepsportret fan 'e [[Skotlân|Skotske]] lieders yn 'e Unôfhinklikheids-oarloggen: Robert de Bruce is de 3e f. rj., mei de reade liuw op it boarst; l. fan Bruce de [[Jakobus Douglas, hear fan Douglas|Swarte Douglas]]; rj. fan Bruce [[Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan]]; en rj. fan har [[William Wallace]].]]
 
It is noch altyd ûnwis wêr't Robert de winter fan [[1306]] op [[1307]] trochbrocht. It wierskynlikst is dat er syn taflecht socht hie op 'e [[Hebriden]], dêr't er mooglik beskûl krige by [[Kristina fan Garmoran]]. Oare serieuze mooglikheden binne dat er yn [[Ierlân]] siet, mooglik by syn skoanfamylje yn [[Ulster (keninkryk)|Ulster]], of op 'e [[Orkney-eilannen]], dy't doedestiden noch ûnder [[Noarwegen|Noarsk]] bestjoer stiene. Unwierskynliker, mar net ûnmooglik, is dat er de winter trochbrocht yn [[Noarwegen]] sels, dêr't syn suster [[Isabella fan Bruce|Isabella]] keninginne-dûairiêre wie.
 
Hoe dan ek, yn [[febrewaris]] [[1307]] kearden Robert-en-dy yn twa groepkes werom nei it Skotske fêstelân. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer Edwert, gie oan lân by it Kastiel fan Turnberry en sette yn [[Galloway]] útein mei in [[guerrilla-oarloch]]. It oare legerke, mei oan it befel Robert syn bruorren Tomas en Aleksander, kaam súdliker oan lân, by [[Loch Ryan]], dêr't hja lykwols al rillegau ynsletten, oppakt en eksekutearre waarden. Yn [[april]] behelle Robert in lytse oerwinning yn 'e [[Slach by Glen Trool]], en koart dêrnei fersloech er [[Aymer fan Valence, 2e greve fan Pembroke]], in favoryt fan Edwert I, yn 'e [[Slach by Loudoun Hill]]. Yn dyselde snuorje sette de Swarte Douglas útein mei syn eigen ferneamde guerrilla-oarloch yn súdwestlik Skotlân, wêrby't er syn eigen (troch de fijân besette) kastiel yn [[Douglasdale]] oanfoel en platbaarnde.
Nei de oerwinning by Loudoun Hill joech Robert syn broer Edwert it befel oer de opstân yn Galloway, en sette doe sels ôf nei it noarden, dêr't er de kastielen fan [[Inverlochy]] en [[Urquhart (Skotlân)|Urquhart]] ynnaam, de kastielen fan [[Inverness]] en [[Nairn]] platbaarnde en doe in mislearre wraam op [[Elgin (Skotlân)|Elgin]] die. Yn it neijier fan [[1307]] befûn Robert him yn [[Aberdeenshire]], oan 'e Skotske noardeastkust, dêr't er [[Banff (Skotlân)|Banff]] bedrige en doe slim siik rekke, mar meitiid wer opbettere. Hy liet Jan Comyn, greve fan Buchan, ûnferslein efter him gewurde, wylst er nei it westen ta sette om 'e kastielen fan [[Balvenie]] en [[Duffus]] te feroverjen en doe dat fan [[Tarradale]], op it [[Swarte Eilân (Skotlân)|Swarte Eilân]]. Mei in omwei fia Inverness en in twadde mislearre wraam op Elgin kearde er doe begjin [[1308]] wer yn it noardeasten werom, dêr't er yn [[maaie]] yn 'e [[Slach by Inverurie (1308)|Slach by Inverurie]] einlings ôfweefde mei de greve fan Buchan. Dêrnei naam er Buchan sels yn en fersloech er it Ingelske garnizoen fan [[Aberdeen]].
 
Ien fan syn minder fraaie episoaden folge op 'e ferovering fan it noardeasten, doe't Robert de Bruce it befel joech ta de [[Ferwuostging fan Buchan]], om der wis fan te wêzen dat alle Comyns útrûge en harren oanhing yn bloed smoard waarden. Dy praktyk omfette net inkeld Buchan sels, mar hast alle Comyn-kastielen yn Moray, Aberdeenshire en it greefskip Buchan. Dêrmei ferneatige Robert foargoed de frijwol ûnbegrinzge macht dy't it Hûs Comyn mear as hûndertfyftich jier lang oer grutte dielen fan it noarden en noardeasten fan Skotlân útoefene hie. Neitiid sette Robert ôf nei [[Argyll]], oan 'e Skotske westkust, dêr't er de [[Klan MacDougall]], ûnder [[Jan MacDougall fan Lorn]], in trouwe bûnsgenoatenbûnsgenoat fan 'e Comyns, fersloech yn 'e [[Slach yn 'e Pas fan Brander]],. wêrnei'tNei dy oerwinning koed er it Kastiel fan [[Dunstaffnage]] ynnaamynnimme, it lêst oerbleaune Comyn-bolwurk.
[[File:MK18541_Bannockburn_Robert_the_Bruce.jpg|right|thumb|220px|It stânbyld fan Robert I fan Skotlân op it slachfjild fan [[Slach by Bannockburn|Bannockburn]].]]
 
[[File:Battle_of_Bannockburn_-_Bruce_addresses_troops.jpg|left|thumb|300px|Robert de Bruce sprekt syn troepen ta foarôfgeande oan 'e [[Slach by Bannockburn]].]]
 
Dizze ynfaazje moat yn it ljocht sjoen wurde fan Robert syn houlik mei [[Elizabeth fan Burgh]], de dochter fan [[Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster]], en teffens stamme Robert sels fia syn mem ôf fan leden fan Ierske keningshuzen, wêrûnder [[Aoife MacMurrough|Eva fan Leinster]] (st. [[1188]]), dy't sels wer ôfstamme fan kening [[Brian Boru]] fan [[Munster (keninkryk)|Munster]] en de keningen fan [[Leinster (keninkryk)|Leinster]]. Yn Robert de Bruce syn tiid bestie der noch gjin dúdlike [[etnyske groep|etnyske]] of [[taalkunde|taalkundige]] skieding tusken de [[Ieren (folk)|Ieren]] en de [[Gaelen]] fan westlik Skotlân. Sadwaande propagearre er in [[Gaelyske talen|pangaelyskepan-gaelyske]] uny fan Skotlân, Ierlân en it eilân Man.
 
Yn 't earstoan liek dat aardich te slagjen, en de Ieren kroanen Robert syn broer Edwert yn [[1316]] sels ta hege kening fan Ierlân. Súdlik fan Ulster wisten de Skotten lykwols de Ierske lieders en befolking net foar harren te winnen, mei't de súdlike Ieren mar kwealk ferskil seagen tusken in Ingelske en in Skotske oerhearsking. Uteinlik kaam oan it Ierske aventoer fan it Hûs Bruce in ein doe't Edwert Bruce yn [[1318]] yn 'e [[Slach by Faughart]] omkaam. Dy Skotske nederlaach waard yn 'e measte doetiidske Ierske annalen omskreaun as in geweldich ding foar Ierlân, mei't it in ein makke oan 'e geduerige plondertochten en [[hongersneed|hongersneden]] dêr't it miene folk fan Ierlân troch de oanhâldende striid ûnder litte.
 
====It hert====
Nei't it hert fan 'e kening út syn boarst helle wie, waard it troch de [[JamesJakobus Douglas, hear fan Douglas|Swarte Douglas]] yn in [[sulver]]en kistke pleatst, dat de ridder neitiid om syn [[hals]] droech. Der wie yn dy tiid praat fan in nije [[krústocht]], mar doe't dat neat waard, sylden Douglas en ferskate selskipslju, wêrûnder de ridders [[Willem Keith fan Galston]], [[Willem fan St. Clair fan Rosslyn]] en de bruorren [[Robert Logan fan Restalrig]] en [[Walter Logan]], op eigen gelegenheid nei it [[Ibearysk Skiereilân]]. Dêr wie doedestiden in oarloch geande tusken it [[kristendom|kristlike]] [[Kastylje (keninkryk)|Kastylje]] en it [[Moaren|Moarske]] [[emiraat]] [[Granada]].
 
Neffens it ferhaal beaën Douglas-en-dy harren tsjinsten oan kening [[Alfûns XI fan Kastylje]] oan en namen se yn [[augustus]] [[1330]] diel oan 'e [[Slach by Teba]]. By it efterfolgjen fan it Moarske [[ruterfolk]] nei it ôfslaan fan in oanfal, naam de Swarte Douglas doe it kistke mei it hert fan Robert de Bruce yn 'e hân en spriek de wurden: ''"Now pass thou onward before us, as thou wert wont, and I will follow thee or die."'' ("Geane jo ús no foar, sa't jins wenst wie, dan sil ik jo folgje of stjerre.") Dêrop ûnderhelle er de earm en smiet it kistke foarút tusken de Moarske kavalery. Mar de Moaren, dy't trochkrigen dat se mar troch in lyts tal ridders efterfolge waarden, kearden op dat stuit de hynders en foelen op 'e nij oan.
|boxstyle_5=background-color: #daf;
|1= 1. '''Robert I fan Skotlân'''
|2= 2. [[Robert fan BrusBruce, 6e hear fan Annandale]]
|3= 3. [[Marjorie, grevinne fan Carrick]]
|4= 4. [[Robert fan BrusBruce, 5e hear fan Annandale]]
|5= 5. [[Isabella fan Gloucester en Hertford|Isabella, grevinne fan Gloucester en Hertford]]
|6= 6. [[NiallNeil, greve fan Carrick]]
|7= 7. [[Margareta Stewart|Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald]]
|8= 8. [[Robert fan BrusBruce, 4e hear fan Annandale]]
|9= 9. [[Isabella fan Huntingdon|Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon]]
|10= 10. [[Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford]]
|14= 14. [[Walter Stewart, 3e grutsteedhâlder fan Skotlân]]
|15= 15. [[Bethóc, grevinne fan Angus]]
|16= 16. [[Willem fan BrusBruce, 3e hear fan Annandale]]
|17= 17. Kristina
|18= 18. [[David Canmore, 8e greve fan Huntingdon]]
|22= 22. [[Willem Marshal, 1e greve fan Pembroke]]
|23= 23. [[Isabella fan Clare, 3e grevinne fan Pembroke|Isabella fan Clare, grevinne fan Pembroke]]
|24= 24. [[DonnchadhDuncan, greve fan Carrick]]
|25= 25. ûnbekend
|26=
! opmerkings
|-
| [[Marjorie fan Bruce|Marjorie]]
| [[1296]]
| [[1316]]
! opmerkings
|-
| [[MargaretaMaud fan Bruce (dochter fan Robert I)|MargaretaMatilda (Maud)]]
| [[1303]]
| ûnbekend
| [[1346]]/[[1347]]
| troude yn [[1345]] [[Willem fan Moraavje, 5e greve fan Sutherland]], hie ien soan, Jan ([[1346]]-[[1361]])
|-
| [[Maud Bruce|Matilda (Maud)]]
| ûnbekend
| [[1353]]
| troude Thomas Isaac, hie twa dochters
|-
| [[Margareta fan Bruce (dochter fan Robert I)|Margareta]]
| ±[[1315]]
| [[1346]]/[[1347]]
| troude yn [[1345]] [[Willem fan MoraavjeMoray, 5e greve fan Sutherland]], hie ien soan, Jan ([[1346]]-[[1361]])
|-
| [[David II fan Skotlân|David]]
| folge syn heit op as kening; troude (1) yn [[1328]] mei [[Johanne fan de Toer|Johanne fan Ingelân]] (gjin neiteam); (2) yn [[1364]] mei [[Margareta Drummond, keninginne fan Skotlân|Margareta Drummond]] (gjin neiteam); opfolge troch syn omkesizzer [[Robert II fan Skotlân|Robert II]]
|-
| [[Jan fan Bruce|Jan]]
| [[1324]]
| [[1327]]
! opmerkings
|-
| [[Robert fan Bruce (bastert)|Robert fan Bruce]]
| ±[[1300]]
| ûnbekend
| [[1332]]
| sneuvele yn 'e [[Slach by Dupplin Moor]]
|-
| [[Walter fan Bruce|Walter fan Odistoun]]
| ûnbekend
| ûnbekend
| stoar foàr syn heite dea ([[1329]])
|-
| [[Margareta fan Bruce (bastertdochter fan Robert I)|Margareta fan Bruce]]
| [[1308]]
| ûnbekend
| troude Robert fan Glen; libbe noch yn [[1364]]
| ûnbekend
| troude Robert Glen; libbe noch yn [[1364]]
|-
| Elizabeth[[Katerina fan Bruce]]
| ûnbekend
| ûnbekend
| troude [[WalterDavid Oliphant,Lindsay; hearlibbe fannoch Aberdalgieyn [[1342]]
|-
| [[Elizabeth fan Bruce]]
| ±[[1317]]
| [[1364]]
| troude [[Walter Oliphant fan Aberdalgie]]
|-
| [[Kristina fan Bruce (bastertdochter fan Robert I)|Kristina fan Carrick]]
| ûnbekend
| ûnbekend
| libbe noch yn [[1329]]
|-
| [[Neil fan Bruce (bastert)|Neil fan Carrick]]
| ûnbekend
| [[1346]]