Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

gjin bewurkingsgearfetting
(added double quotes (wiki manual of style))
No edit summary
 
== Biografy ==
Nei de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn Harns studearre er politikology oan de Universiteit fan Amsterdam. Dy stúdzje wie dêr doe, yn 1983, noch marxistysk oriïntearre en dat soe in belangrike ynfloed foarmje op it libben en wurk fan De Vries. Yn Amsterdam ûntwikkele him in grutte belangstelling foar de literatuer, benammen foar poëzij.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/254#.VmLpdXo3U_s "Abe de Vries"]. ''Sirkwy: Fryske Literatuerside''. Tresoar. 2009–2012. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Nei syn tsjinstplicht tekene er by en wurke noch seis jier op kontraktbasis as ynljochtinge-offisier. Fan 1993 oant 1996 studearre er skiednis yn Grins. Ek heechlearaar Frank Ankersmit soe, hoewol't dy in útsprutsen liberaal wie, in wichtige ynfloed hawwe op it tinken fan De Vries, troch syn yntellektuele, teoretyske beneiering fan de skiedskriuwing.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/254#.VmLpdXo3U_s "Abe de Vries"]. ''Sirkwy: Fryske Literatuerside''. Tresoar. 2009–2012. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Underwilens joech De Vries les oan de leden fan it fredesleger yn Bosnië en Kroatië oer de eftergrûnen fan it konflikt yn dy lannen en skreau er dêr opinystikken oer alle lanlike kranten. Yn 1996 waard er ferslachjouwer by it Grinslanner Algemien Parseburo Tammeling. Yn 1999 waard er, út ûnfrede oer de emosjonele en iensidige berjochtjouwing, korrespondint yn Belgrado foar it ANP, ''Trouw'' en ''Elsevier''. Fan 2000 oant 2006 wie er bûtenlânredakteur by ''Elsevier'' en makke er foar de reportaazjes reizen nei ûnder mear eks-Joegoslavië, Roemenië, Hongarije, Eastenryk, Tsjechië, Frankryk, Poalen, Ruslân en Afghanistan.<ref>[http://www.example.org Link text], additional text.</ref>
 
Yn febrewaris 2003 naam De Vries it inisjatyf ta de oprjochting fan [[Farsk|''Farsk'']], dêr't er oant oktober 2006 haadredakteur fan wie. Dêrneist skreau er op it ynternet syn ienmanstydskrift Oranzjery De Kopspiker, dat er yn 2010 ferfong troch it weblog Seedyksterfeartfisk. Dat wie jierrenlang it liedende Frysk-literêre blog, mei content dy't it artistyk-kulturele likegoed as it miljeu-aktivistyske debat ynformearre.
Yn 2005 krige De Vries de [[Gysbert Japicxpriis]] foar syn twadde bondel ''In waarm wek altyd''. Hy is dêrmei, neist [[Trinus Riemersma]], [[Jan Wybenga]] en [[Willem Abma]] de fjirde Fryske skriuwer dy't de priis krige foar in jong oeuvre; der hat noch nea sa'n koarte tiid sitten tusken it opnimmen fan it literêre metier en it ûntfangen fan de Gysbert Japicxpriis as by it takennen fan dy priis oan De Vries.
 
Yn jannewaris 2013 ferskynde de sechsde bondel ''Ravensulver/Ravenzilver''. Al twa jier letter, yn 2015, ferskynde de sânde bondel, ''Brek dyn klank''. ''Brek dyn klank'' giet opnij yn op de postmoderne ûntwoartele relaasjes, mar fan in mear delikaat, trochlibbe perspektyf út as it eardere wurk, wylst it tagelyk de klassike foarm bewarret.<ref>[http://www.example.org Link text], additional text.</ref>
 
== Essees ==
 
=== Essees ===
* 2008 - ''Identiteit & kowesturten. EsseesEssays oer Fryske literatuer''
* 2015 - ''Erfskip & krisis. EsseesEssays oer Fryslân en Fryske literatuer 2''
* 2016 - yn tarieding - ''Winternocht & moannereis.'' ''EsseesEssays oer Fryske literatuer 3''
 
===Oersettings===
* 2005 - ''Skielk beart de hjerst'' (Essay en blomlêzing út it wurk fan [[Douwe Kiestra]])
* 2008 - ''Het goud op de weg. De Friese poëzie sinds 1880''
* 2011 - ''"Fergettten pommerant. De poëzij fan Tjitte Piebenga as 'missing link'''" (Ynlieding by it ''Sammele Wurkwurk - Poëzij'' fan [[Tjitte Piebenga]])
* 2012 - ''"De tsjustere Apollo''" (Ynlieding by de ''Samle Fersenfersen'' fan [[Jan Wybenga]])
* 2013 - ''Bulldozers en bloednoazen. De stadsrand van Leeuwarden. '' (Foto's fan de stedsrâne fan Ljouwert)
* 2014 - ''Friesland''-''Fryslân'' (Foto's fan Fryslân)
* 2002 - [[Rely Jorritsmapriis]] - de syklus ''Fersen fan ferjitten''
* 2005 - [[Gysbert Japicxpriis]] - dichtbondel ''In waarm wek altyd''
 
== Boarnen ==
<references />
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.bornmeer.nl/auteurs.php?a_id=20&actie=boekenauteurswinkel/fangst-fan-e-demoandolfyn/ Utjouwerij Bornmeer oer Abe de Vries] [net-wurkjende keppeling]
* [http://www.seedyksterfeartfisk.blogspot.com Weblog Abe de Vries]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
 
{{DEFAULTSORT:Vries (skriuwer), Abe de}}
19

bewurkings