Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 7:
Nei syn tsjinstplicht tekene er by en wurke noch seis jier op kontraktbasis as ynljochtinge-offisier. Fan 1993 oant 1996 studearre er skiednis yn Grins. Ek heechlearaar Frank Ankersmit soe, hoewol't dy in útsprutsen liberaal wie, in wichtige ynfloed hawwe op it tinken fan De Vries, troch syn yntellektuele, teoretyske beneiering fan de skiedskriuwing.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/254#.VmLpdXo3U_s "Abe de Vries"]. ''Sirkwy: Fryske Literatuerside''. Tresoar. 2009–2012. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Underwilens joech De Vries les oan de leden fan it fredesleger yn Bosnië en Kroatië oer de eftergrûnen fan it konflikt yn dy lannen en skreau er dêr opinystikken oer alle lanlike kranten. Yn 1996 waard er ferslachjouwer by it Grinslanner Algemien Parseburo Tammeling. Yn 1999 waard er, út ûnfrede oer de emosjonele en iensidige berjochtjouwing, korrespondint yn Belgrado foar it ANP, ''Trouw'' en ''Elsevier''. Fan 2000 oant 2006 wie er bûtenlânredakteur by ''Elsevier'' en makke er foar de reportaazjes reizen nei ûnder mear eks-Joegoslavië, Roemenië, Hongarije, Eastenryk, Tsjechië, Frankryk, Poalen, Ruslân en Afghanistan.<ref>[http://www.exampleepibreren.orgcom/rs/vries.html Link"Abe textde Vries"],. ''Epibreren''. De Dichters uit Epibreren. 31 desimber 2004. Krigen 1 additionaldesimber text2015.</ref>
 
Yn febrewaris 2003 naam De Vries it inisjatyf ta de oprjochting fan [[Farsk|''Farsk'']], dêr't er oant oktober 2006 haadredakteur fan wie. Dêrneist skreau er op it ynternet syn ienmanstydskrift Oranzjery De Kopspiker, dat er yn 2010 ferfong troch it weblog Seedyksterfeartfisk. Dat wie jierrenlang it liedende Frysk-literêre blog, mei content dy't it artistyk-kulturele likegoed as it miljeu-aktivistyske debat ynformearre.
Rigel 22:
Yn 2005 krige De Vries de [[Gysbert Japicxpriis]] foar syn twadde bondel ''In waarm wek altyd''. Hy is dêrmei, neist [[Trinus Riemersma]], [[Jan Wybenga]] en [[Willem Abma]] de fjirde Fryske skriuwer dy't de priis krige foar in jong oeuvre; der hat noch nea sa'n koarte tiid sitten tusken it opnimmen fan it literêre metier en it ûntfangen fan de Gysbert Japicxpriis as by it takennen fan dy priis oan De Vries.
 
Yn jannewaris 2013 ferskynde de sechsde bondel ''Ravensulver/Ravenzilver''. Al twa jier letter, yn 2015, ferskynde de sânde bondel, ''Brek dyn klank''. ''Brek dyn klank'' giet opnij yn op de postmoderne ûntwoartele relaasjes, mar fan in mear delikaat, trochlibbe perspektyf út as it eardere wurk, wylst it tagelyk de klassike foarm bewarret.<ref>[http://wwwhome.exampleplanet.orgnl/~meul2882/fries/Vries,Abede.html Link"Abe textde Vries"],. ''Friese-literatuursite''. Jelle van der Meulen. 2015. Krigen 1 additionaldesimber text2015.</ref>
 
== Essees ==