Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
[[]], relevant. Net weromsette
Rigel 1:
[[Ofbyld:Abe de Vries troch Jan Kalma 63.jpg|thumb|right|300px|''Abe de Vries'']]
'''Abe de Vries''' ([[Winaam]], [[10 jannewaris]] [[1965]]) is in [[Frysk]] [[dichter]], esseeïst, [[Literatuerkritikus|literêr kritikus]], [[sjoernalist]], [[útjouwer]], [[oersetter]], [[fotograaf]] en ien fan de Fryske publike figueren dy't it kulturele en yntellektuele debat yn Fryslân liede.
 
== Biografy ==
Nei de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn Harns studearre er [[politikology]] oan de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Dy stúdzje wie dêr doe, yn 1983, noch [[Marksisme|marxistysk]] oriïntearre en dat soe in belangrike ynfloed foarmje op it libben en wurk fan De Vries. Yn Amsterdam ûntwikkele him in grutte belangstelling foar de literatuer, benammen foar poëzij.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/254#.VmLpdXo3U_s "Abe de Vries"]. ''Sirkwy: Fryske Literatuerside''. [[Tresoar]]. 2009–2012. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Nei syn tsjinstplicht tekene er by en wurke noch seis jier op kontraktbasis as ynljochtinge-offisier. Fan 1993 oant 1996 studearre er skiednis yn Grins. Ek heechlearaar [[Frank Ankersmit]] soe, hoewol't dy in útsprutsen liberaal wie, in wichtige ynfloed hawwe op it tinken fan De Vries, troch syn yntellektuele, teoretyske beneiering fan de skiedskriuwing.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/254#.VmLpdXo3U_s "Abe de Vries"]. ''Sirkwy: Fryske Literatuerside''. Tresoar. 2009–2012. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Underwilens joech De Vries les oan de leden fan it fredesleger yn Bosnië en Kroatië oer de eftergrûnen fan it konflikt yn dy lannen en skreau er dêr opinystikken oer alle lanlike kranten. Yn 1996 waard er ferslachjouwer by it Grinslanner Algemien Parseburo Tammeling. Yn 1999 waard er, út ûnfrede oer de emosjonele en iensidige berjochtjouwing, korrespondint yn Belgrado foar it ANP, ''Trouw'' en ''Elsevier''. Fan 2000 oant 2006 wie er bûtenlânredakteur by ''Elsevier'' en makke er foar de reportaazjes reizen nei ûnder mear eks-Joegoslavië, Roemenië, Hongarije, Eastenryk, Tsjechië, Frankryk, Poalen, Ruslân en Afghanistan.<ref>[http://www.epibreren.com/rs/vries.html "Abe de Vries"]. ''Epibreren''. De Dichters uit Epibreren. 31 desimber 2004. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Yn febrewaris 2003 naam De Vries it inisjatyf ta de oprjochting fan [[Farsk|''Farsk'']], dêr't er oant oktober 2006 haadredakteur fan wie. Dêrneist skreau er op it ynternet syn ienmanstydskrift Oranzjery De Kopspiker, dat er yn 2010 ferfong troch it weblog ''Seedyksterfeartfisk''. Dat wie jierrenlang it liedende Frysk-literêre blog, mei content dy't it artistyk-kulturele likegoed as it miljeu-aktivistyske debat ynformearre.
 
Begjin 2005 folge er [[Jabik Veenbaas|Jabik Veenbaas]] op as proazaresinsint by de ''Ljouwerter Krante''. Fan 2006 oant 2011 wie er útjouwer by de Friese Pers Boekerij/Noordboek. Fan 2011 ôf is er ferbûn oan it ''[[Friesch Dagblad]]'', earst as resinsjeskriuwer fan Fryske poëzij en esseeïstyske publikaasjes, ferslachjouwer fan algemien-kulturele ûnderwerpen en kollumnist fan de wyklikse kollum "Skroeier", en fan 2014 ôf ek as einredakteur fan it ''Friesch Dagblad''.
Rigel 24:
Yn jannewaris 2013 ferskynde de sechsde bondel ''Ravensulver/Ravenzilver''. Al twa jier letter, yn 2015, ferskynde de sânde bondel, ''Brek dyn klank''. ''Brek dyn klank'' giet opnij yn op de postmoderne ûntwoartele relaasjes, mar fan in mear delikaat, trochlibbe perspektyf út as it eardere wurk, wylst it tagelyk de klassike foarm bewarret.<ref>[http://home.planet.nl/~meul2882/fries/Vries,Abede.html "Abe de Vries"]. ''Friese-literatuursite''. Jelle van der Meulen. 2015. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
== EsseesEssays ==
Dêrneist is De Vries ien fan de belangrykste esseeskriuwersessayskriuwers fan Fryslân. In stikmannich wichtige essees oer de Fryske poëzij hawwe har wei fûn as ynliedingen fan antologyen en sammelbondels. De esseebondels oer de Fryske literatuer, ''Identiteit & kowesturten'' út 2008, ''Erfskip & krisis'' út 2015 en ''Winternocht & moannereis'', yn tarieding, binne in idiosynkratyske mjuks fan empiryske literatuerskiednis, filosofyske kultuerkrityk en persoanlike refleksje op de eigen woartels. De fariearre aspekten wurde byinoar holden troch in sterk engaazjemint. De lêste bondel, ''Winternocht & moannereis'', is dêrby rjochte op dekanonisearring fan de njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer.
 
== Fotografie ==