Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L Werom sette fan ferzje 762460 fan Special:Contributions/Friduwih (Meidogger_oerlis:Friduwih)
Rigel 1:
[[Ofbyld:Abe de Vries troch Jan Kalma 63.jpg|thumb|right|300px|''Abe de Vries'']]
'''Abe de Vries''' ([[Winaam]], [[10 jannewaris]] [[1965]]) is in [[Frysk]] [[dichter]], esseeïst, [[Literatuerkritikus|literêr kritikus]], [[sjoernalist]], [[útjouwer]], [[oersetter]], [[fotograaf]] en ien fan de Fryske publike figueren dy't it kulturele en yntellektuele debat yn Fryslân liede.
 
== Biografy ==
Nei de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn Harns studearre er [[politikology]] oan de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Dy stúdzje wie dêr doe, yn 1983, noch [[Marksisme|marxistysk]] oriïntearre en dat soe in belangrike ynfloed foarmje op it libben en wurk fan De Vries. Yn Amsterdam ûntwikkele him in grutte belangstelling foar de literatuer, benammen foar poëzij.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/254#.VmLpdXo3U_s "Abe de Vries"]. ''Sirkwy: Fryske Literatuerside''. [[Tresoar]]. 2009–2012. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Nei syn tsjinstplicht tekene er by en wurke noch seis jier op kontraktbasis as ynljochtinge-offisier. Fan 1993 oant 1996 studearre er skiednis yn Grins. Ek heechlearaar [[Frank Ankersmit]] soe, hoewol't dy in útsprutsen liberaal wie, in wichtige ynfloed hawwe op it tinken fan De Vries, troch syn yntellektuele, teoretyske beneiering fan de skiedskriuwing.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/254#.VmLpdXo3U_s "Abe de Vries"]. ''Sirkwy: Fryske Literatuerside''. Tresoar. 2009–2012. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Underwilens joech De Vries les oan de leden fan it fredesleger yn Bosnië en Kroatië oer de eftergrûnen fan it konflikt yn dy lannen en skreau er dêr opinystikken oer alle lanlike kranten. Yn 1996 waard er ferslachjouwer by it Grinslanner Algemien Parseburo Tammeling. Yn 1999 waard er, út ûnfrede oer de emosjonele en iensidige berjochtjouwing, korrespondint yn Belgrado foar it ANP, ''Trouw'' en ''Elsevier''. Fan 2000 oant 2006 wie er bûtenlânredakteur by ''Elsevier'' en makke er foar de reportaazjes reizen nei ûnder mear eks-Joegoslavië, Roemenië, Hongarije, Eastenryk, Tsjechië, Frankryk, Poalen, Ruslân en Afghanistan.<ref>[http://www.epibreren.com/rs/vries.html "Abe de Vries"]. ''Epibreren''. De Dichters uit Epibreren. 31 desimber 2004. Krigen 1 desimber 2015.</ref>