Mahatma Gandhi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Gandhi waard op 2 oktober 1869 berne yn Porbandar, in doarpke yn de steat Gujarat, as soan fan de diwan (haaddminister) fan de provinsje Porbandar. Op jonge leeftyd giet er nei [[Feriene Keninkryk|Ingelân]] ta foar in stúdzje rjochten en yn [[1893]] ferfard er nei [[Súd-Afrika]], dêr't hy him festige as abbekaat. Yn [[Natal]] set er him yn foar de Yndiaaske befolkingskloft en as lieder rint er foarop yn de striid tsjin de efterútsetting troch de blanken. nou jong godver! kei dikke tetten.
 
Yn [[1914]] giet Gandhi werom nei Yndia en hâld er him ek dêr aktyf dwaande mei de polityk, ein [[1921]] waard hy foarsitter fan de [[Kongrespartij]]. Hy komt oan it haad te stean fan in beweging dy't mei in polityk fan geweldleasferset "non-cooperation" en "civil disobedience" striid foar ûnôfhinklikens. Hy set de Yndiaaske befolking oan de Britske ekonomy te boykotten troch gjin Britske goederen mear te keapjen en propagearet it sels spinne fan tekstyl. It sels spinnen hat ek as doel de boeren in oanfoljend middel fan libbensûnderhâld te jaan en it fergrutsjen fan de ienigens tusken syn folgelingen dy't sawol út [[islam|moslims]] as [[hindoeïsme|hindoes]] besteane.