Sir: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 12 des 2015 om 16.38

Sir (útspr.: [sʌ:(ɹ)] of [sœ:(ɹ)]) is yn lannen fan it Britske Gemienebêst (mar fral yn it Feriene Keninkryk sels) in predikaat dat foar de foarnamme pleatst wurdt om oan te jaan dat in man riddere is troch Britske monarch. It froulike ekwivalint is dame (útspr.: [de:m]). It gebrûk fan dizze predikaten is strikt fêstlein yn wetten en gewoanten.

Yn 'e Ingelske sprektaal wurdt sir fierders ek brûkt as oansprektitel foar lykfol hokker man, ferlykber mei meneer yn it Nederlânsk (yn it Frysk ûntbrekt fan oarsprong in ekwivalint, mar wurdt no ek wol "menear" brûkt; it ultime fatsoen lit men yn it Frysk lykwols blike troch de oare inkeld mei de efternamme oan te sprekken). Yn dizze foarm is it froulike ekwivalint fan sir itsij madam (útspr.: ['mædəm], itsij, benammen yn it Amerikaansk-Ingelsk, ma'am (útspr.: [mæə̯m]).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.