Laird: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nij
 
L red
Rigel 3:
De titel ''laird'' mei tsjintwurdich by [[wet]] allinnich mar fierd wurde troch de eigner fan in lângoed (d.w.s. in [[lânhûs]] mei lânerijen), dy't as sadanich erkend is troch it [[Hof fan de Lord Lyon]], de heechste autoriteit op it mêd fan 'e Skotske [[heraldyk]]. Sokke ''lairds'' wurde yn 'e regel oantsjut as [''foarnamme''] [''efternamme''] of [''lângoed''], wêrby't ''of'' oerset wurde kin as "fan" (dus bgl. [[John Graham fan Claverhouse, boarchgreve fan Dundee|John Graham fan Claverhouse]] of [[Donald Cameron fan Lochiel]]).
 
Histoarysk waarden lytse, plattelânske ''lairds'' faak oantsjut as ''bonnet lairds'' ("baret-''lairds''"), om't dy yn 'e regel in [[Glengarry-baret]] (''Glengarry bonnet'') droegen, in swarteswart opsteandeopsteand baretkopdeksel, by de râne lâns fersierd mei in bân fan [[tartan]]stof en mei in plomke oan 'e rjochtersydkant.
 
It [[Skotsk]]e ''laird'' stammet fan it [[Angelsaksysk]]e ''hlafweard'', dat letterlik "breawarder" betsjut. It [[Ingelsk]]e wurd ''lord'' ("hear") komt fan deselde oarsprong, mar betsjut net itselde as it Skotske ''laird'', mei't ''lord'' dúdlik in hegere [[adel|aadlike]] titel is.