Ferskil tusken ferzjes fan "Powder (rivier yn Montana)"

gjin bewurkingsgearfetting
L
[[File:The Powder River in Johnson County, Wyoming.jpg|right|thumb|300px|De rivier de Powder yn [[Johnson County (Wyoming)|Johnson County]], yn 'e steat [[Wyoming]].]]
[[File:YellowstoneRiverMap.jpg|thumb|It ôfwetteringsgebiet fan de Yellowstone mei de Powder]]
De [[rivier]] de '''Powder''' (útspr.: ['paudǝɹ]; [[Assiniboin (taal)|Assiniboin]]: Caȟní Wakpá, útspr.: [ʧax'ni: wak'pa:]) is in 604 km lange sydstream fan 'e rivier de [[Yellowstone (rivier)|Yellowstone]], yn it súdeasten fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Montana]] en it noardeasten fan 'e steat [[Wyoming]]. It ûntwetteret de krite dy't histoarysk bekend stie as it [[Powderrivierlân]], mar dat tsjinwurdich almeast oantsjut wurdt as de [[Dobbe fan de Powderrivier]], op 'e heechflakte eastlik fan 'e [[Bighornbergen]]. Syn namme, dy't fan ''gun powder'' ("buskrûd") komt, hat de rivier te tankjen oan it sân by in diel fan 'e iggen lâns, dat de iere [[ûntdekkingsreizger]]s oan [[buskrûd]] tinken die. Dizze Powderrivier moat net betize wurde mei [[Powder (rivier yn Oregon|Powder]] yn 'e steat [[Oregon]].