Leginde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw in ûnderskrift derbysetten.
L plaatsje>
Rigel 1:
[[Ofbyld:Landschaft mit Geschichte des Wilhelm Tell.jpg|thumbnail|250px|Skilderij út de 17e iuw wat de ''leginde'' fan [[Willem Tell]] sjen lit.]]
In '''leginde''' (ôflaat fan it [[Latyn]]sk ''legenda'' en hat de betsjutting ''wat lêzen wurde moat'') wie ynearsten in libbensbeskriuwing fan in [[hillige]], dêr't faak alderlei wûnderen oan taskreaun wurde. Eartiids waard yn kleasters by de [[metten]] en by it miel foarlêzen út [[Hilligenlibben]]s, boeken mei libbensbeskriuwings fan hilligen. Dy teksten waarden yn it Latynsk fan de [[Midsieuwen]] oantsjutten mei ''legenda''. It wurd foar ''les'' is ek hjirfan ôflaat.