Pantomym: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
mymspiler
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw wat lytse oanpassings dien.
Rigel 1:
[[File:PANTOMIME-PABLO.jpg|right|thumb|180pxupright|Pablo Zibes, mymspiler.]]
'''Pantomym''' (fan it [[Gryksk]]e παντόμιμος, ''pantomimos'': ''pan'' = "alles" en ''mimos'' = "imitator" of "akteur"), yn 'e regel koartwei '''mym''' neamd, is in teäterfoarm wêrbydêr't in [[akteur]] in sitewaasje of ferhaal by útbyldet troch it gebrûk fan [[lichemstaal]], benammen troch it meitsjen fan gebearten mei de hannen en minen mei ittroch gesichtgesichtútdrukkings. Soms wurdtwurde derek gebrûklûdseffekten makke fan lûdseffektenbrûkt of eftergrûnmuzyk, mar der wurdt beslist net praat.
 
Sadwaande is dizze foarm fan [[teäter]] net bûn oan [[taal]], mar ynstee dêrfan folslein fisueel en dêrom foar in protte minsken te begripen. Mymspilers sjocht men faak yn [[sirkus]]sen (wêrbydêr't se ek as [[clown]] by aktyf binne) en gewoan op 'e dyk as [[strjitartyst]]. Mymspilers binne yn 'e regel wer te kennen oan harren wytsmynkte gesicht en harren wite wanten.
 
De grûnlizzer fan mym wie [[Livius Androanikus]], in [[Griken|Gryksk]] [[dichter]] en artyst út súdlik [[Itaalje]], dy't yn 'e [[trêde ieuiuw f. Kr.]] libbe. Krekt foar in foarstelling ferlear dy op in stuit syn [[stim]], wêrnei't er him efter in masker ferskûle en de tekst troch in helper yn 'e kûlissen oplêze liet. Androanikus ûntdiek doe dat er him sa folle frijer bewege en better uterje koe.
 
Ien fan 'e bekendste tsjintwurdige mymspilers, al wurdt er troch it grutte publyk ornaris net as sadanich sjoen, is de [[Ingelân|Ingelske]] [[komyk]] [[Rowan Atkinson]], yn syn rol as knoffelige en ûnnoazele [[Mr. Bean]].