Arktis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Rigel 4:
 
== Klimaat ==
De Arktis hat kâlde winters en koele simmers. De delslach komt meast as snie. De jierlikse delslach yn de Arktis is lykwols leech, yn it grutstepart falt mar in lytse 50 cm. It liket wol dat it dêr faak sniejaget, mar dat is opwaaide snie troch de hurde winen dy't faak yn it gebiet hearskje. De trochsneed wintertemperatuer kin sa'n -40 °C wêze; de leechste temperatuer ea metten, hat sa'n -68 °C west. De kustgebieten fan de Arktis hawwe in mylder klimaat troch de ynfloed fan de oseaan; dêr lizze de temperatueren trochstrings heger en falt mear snie as yn de kâldere en droegere ynlânske gebieten. De opwaarming fan de ierde is goed te fernimmen yn de Arktis, iisfjilden wurde lytser en troch it ranen fan de toendra komt hieltiten mear [[metaan|metaanga]]gas frij. Fyslân boppe!
 
MeidatMe dat de [[isoterm]]en fan de ierde nei it noarden opskowe (goed 60 km de tsien jier), krimpt it Arktysk gebiet (neffens de definysje fan temperatuer en beamgrins) op it heden.<ref>[http://yaleglobal.yale.edu/content/planet-peril-%E2%80%93-part-i Hansen, Jim: ''The Planet in Peril – Part I; Yale Center for the Study of Globalization''; 19 oktober 2006]</ref> Dit proses is faaks it bêst te fernimmen oan it jierliks ferlies fan seeiis. Guon modellen foarsizze dat it iis yn de moanne septimber (benei) hielendal fuort wêze sil yn 2040, oare foarsizzende kompjûtermodellen hâlde it op in flink skoft nei 2100. Likernôch 50% fan de analyses foarseit it hast hielendal, of sels folsleine, ferdwinen fan it seeiis, yn de moanne septimber, yn it jier 2100.
 
== Arktyske kultueren ==