Taach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L WPCleaner v1.29 - Fixed using Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia - Template not correct begin
LNo edit summary
Rigel 4:
De '''Taach''' ([[Portugeesk]]: ''Tejo'', [[Spaansk]]: ''Tajo'') is mei in langte fan goed 1000 kilometer de langste rivier op it [[Iberysk Skiereilân]]. De Taach mûnet foarby [[Lissabon]] út yn de [[Atlantyske Oseaan]]. De [[streamkrite]] beslacht 80.100 kante kilometer, allinnich de [[Douro]] hat in gruttere streamkrite op it Iberysk Skiereilân.
 
De Taag ûntspringt op 1590 meter hichte op de skeanten fan de [[Muela de San Juan]] yn de [[Sierra de Albarracín]] yn it easten fan Spanje. De rivier rint yn westlike rjochting en giet [[Toledo (Castilië-La ManchaSpanje)|Toledo]] foarby, dêr't de middenrin begjint. De gemeente [[Alcántara (gemeente)|Alcántara]] foarby is de Taach oer 60 km de Spaansk-Portugeeske grins. De [[ûnderrin]] fan de rivier, dy't by it Portugeeske [[Santarém (Portugal)|Santarém]] begjint hat [[Tij|tijwurking]] en is ek te befarren. De Taach mûnet foar Lissabon út yn in [[estuarium]], dat in wichtige natuerlike haven is, mar ek in natuergebiet fan belang.
 
De Taach wurdt brûkt foar de [[yrrigaasje]] fan de skrokke lânbougrûn yn de omkriten, en de protte [[Keardaam|keardamenkeardammen]] mei wetterkrêftsintrales wurdt elektrisiteit opwekke. Oan de iggen wurdt [[wyn]] ferboud, bygelyks yn de [[wynstreek|krite]] [[Ribatejo]] yn Portugal.
 
Ferneamde keunstwurken binne de brêge [[Ponte 25 de Abril]] út [[1966]] yn Lissabon, de op twa nei grutste fan de wrâld, de nijere [[Vasco da Gama-brêge]] en de [[Torre Vasco da Gama]].