Donough MacCarthy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 8:
 
== Aldwâld ==
MacCarthy festige him - nei in koart ferbliuw op in eilân by [[Altona]] en yn [[Lübeck]] - yn 1698 yn [[Aldwâld]]. Hy naam nei alle gedachten it doe al besteande hûs oan it [[Mâlegraafsgat|Sint Pitersgat]] oer fan Archibald greve fan Argyle dy't yn [[1685]] út Ingelân weiflechte wie. It gedrach fan in Ingelsk ealman dy't syn fermidden en syn jild kwyt wie, wie foar de doarpelingen skynber allemachtich núver, en hy krige de bynamme "de mâle greve". Hy wenne oant [[1707]] yn it hûs, en wie yn alle gefallen yn [[1722]] noch de eigner. It hûs stiet der hieltiid noch, en hiet nei de greve de "Mallegraafsboarch". It wiel hjit nei him it "Mâlegraafsgat" of de "Mâlegraafsmar". En wat tichter nei Aldwâld ta, is der de "Mâle Grevesbrêge".
 
== Blankenese ==