Ferskil tusken ferzjes fan "Robert I fan Skotlân"

L
red
L (oare betsjuttings)
L (red)
| stjerplak = [[Dumbarton]] ([[Skotlân]])
| dynasty = [[Hûs Bruce]]
| etnisiteit = [[File:Flag of Normandy.svg|20px]] [[Normandje|Normandysk]] <br>[[File:Flag of Scotland.svg|20px]] [[Skotten|Skotsk]]<br>[[File:Flag of Ireland.svg|20px]] [[Ieren (folk)|Iersk]]
| prizen =
| funksje1 = kening fan [[Skotlân]]
| opfolger1 = [[David II fan Skotlân|David II]]
| funksje2 = greve fan [[Carrick]]
| regear2 = [[12921318]] – [[13141324]]
| amtsperioade2 =
| foargonger2 = [[MarjorieEdwert fan Carrick, 3e grevinne fan CarrickBruce|MarjorieEdwert]]
| opfolger2 = [[EdwertDavid II fan BruceSkotlân|EdwertDavid]]
| funksje3 = heargreve fan [[AnnandaleCarrick]]
| regear3 = [[13041292]] – ±[[13121311]]
| amtsperioade3 =
| foargonger3 = [[RobertMarjorie fan BruceCarrick, 6e3e heargrevinne fan AnnandaleCarrick|Robert VIMarjorie]]
| opfolger3 = [[Tomas Randolph, 1e greveEdwert fan MorayBruce|TomasEdwert]]
| funksje4 = hear fan [[Annandale]]
| regear4 = [[1304]] – [[1312]]
| amtsperioade4 =
| foargonger4 = [[Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale|Robert VI]]
| opfolger4 = [[Tomas Randolph, 1e greve fan Moray|Tomas]]
}}
{{Oar|Robert Bruce, Robert de Bruce of Robert fan Bruce, de kening fan Skotlân|Robert Bruce (betsjuttingsside)}}
Robert de Bruce waard yn [[1274]] berne, wierskynlik op it Kastiel fan [[Turnberry]], yn it [[Skotlân|Skotske]] [[Ayrshire]], de residinsje fan 'e greven fan [[Carrick]], de famylje fan syn mem. Hy wie de âldste soan fan [[Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale]], en [[Marjorie, grevinne fan Carrick]]. De famylje fan syn mem wie in âld [[Gaelen|Gaelysk]] laach, dat sûnt minskewitten it greefskip [[Carrick]], yn [[Galloway]], yn besit hie. Robert syn mem Marjorie wie de lêste fan har [[skaai (famylje)|skaai]], en as [[erfdochter]] wie se oant har houlik regearjend grevinne fan Carrick. Neffens it ferhaal wie hja in formidabele frou, dy't Robert syn heit op har kastiel finzen hold oant er deryn tastimde om mei har te trouwen.
 
Oan syn heitekant stamme Robert út in [[Normandje|Normandysk]] [[ridder]]geslacht, dat him ûnder it regear fan kening [[David I fan Skotlân|David I]] yn [[1124]] yn Skotlân fêstige hie, en dat dêr de [[hearlikheid (gebiet)|hearlikheid]] fan [[Annandale]], yn [[Dumfries en Galloway]], yn besit krigen hie. It Hûs Bruce hie lykwols ek grutte lânerijen yn [[Durham (greefskip)|Durham]], yn it noarden fan [[Ingelân]], en yn [[Esseks]] en [[Middelseks]], yn súdlik Ingelân. Robert syn heit Robert fan Bruce stamme fia syn beppe oan heitekant [[Isabella fan Huntingdon]] fan (dy har pakeoerpake) kening David &nbsp;I ôf, wat Robert letter in oanspraak op 'e Skotske troan jaan soe.
[[File:Robert_the_Bruce.jpg|left|thumb|200px|It stânbyld fan Robert de Bruce yn it Kastiel fan [[Stirling (Skotlân)|Stirling]].]]
 
 
===Oarloch om 'e troan===
Op [[25 maart]] [[1306]], seis wiken nei de moard op Comyn, liet Robert him yn [[Scone (Skotlân)|Scone]], by [[Perth (Skotlân)|Perth]], troch biskop [[Willem fan Lamberton]] fan [[St. Andrews]] kroane ta kening fan Skotlân. Dat waard dien mei alle byhearrende pracht en preal, en yn it keningsklaad dat [[Robert Wishart]] foar de Ingelsen ferburgen holden hie. Oanwêzich wiene de biskoppen fan [[Glasgow]] en [[Moray]] en de greven fan [[Jan fan Strathbogie, greve of Atholl|Atholl]], [[Alan I, greve fan Menteith|Menteith]], [[Malcolm II, greve fan Lennox|Lennox]] en [[Domhnall II, greve fan Mar|Mar]]. De oare deis arrivearre [[Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan|Isabella MacDuff]], de frou fan [[Jan Comyn, 3e greve fan Buchan|Jan Comyn, greve fan Buchan]] (in neef fan 'e fermoarde Jan Comyn), dy't it rjocht fan har famylje, de [[Klan MacDuff|MacDuff]]-greven fan [[Fife (Skotlân)|Fife]], opeaske om 'e Skotske kening te kroanjen, út namme fan har broer, [[Duncan IV, greve fan Fife|Donnchadh Duncan&nbsp;IV]], dy't minderjierrich en yn Ingelske hannen wie. Sadwaande waard kroaningsseremoanje doe nochris oerdien.
 
Yn [[juny]] [[1306]] waard Robert ferslein yn 'e [[Slach by Methven]], en yn [[augustus]] kamen de Ingelsen him oer it mad te [[Strathfillan]], dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Syn frou en dochters en de oare froulju fan syn selskip stjoerde er doe ûnder de beskerming fan syn broer [[Neil fan Bruce|Neil]] en [[Jan fan Strathbogie, greve of Atholl]], nei [[Kildrummy]], wylst er sels ûndergrûnsk gie mei syn meast fertroude folgelingen, wêrûnder syn bruorren [[Tomas fan Bruce|Tomas]], [[Aleksander fan Bruce|Aleksander]] en [[Edwert fan Bruce|Edwert]], [[Jakobus Douglas, hear fan Douglas|Jakobus Douglas]] (better bekend as de Swarte Douglas), [[Gilbert fan La Hay]], [[Neil Campbell (stoarn yn 1316)|Neil Campbell]] en [[Malcolm II, greve fan Lennox]].
 
Yn 'e [[maityd]] fan [[13071306]] late Edwert I fannijs in kampanje yn Skotlân. Hy besette Annandale, Carrick en de lânerijen fan Robert syn folgelingen, en skonk dy oan syn eigen oanhingers. RobertYn syn[[juny]] frou[[1306]] Elizabethwaard fanRobert Burgh,ferslein synyn dochter Marjorie, syn susters'e [[KristinaSlach fanby Bruce (suster fan Robert I)|KristinaMethven]], en yn [[Marije fan Bruce|Marijeaugustus]] enkamen Isabellade MacDuffIngelsen waardenhim neioer ferrieit trochmad te [[Willem IIStrathfillan]], grevedêr't faner Ross]]beskûl socht hie, ynen [[Tain]]moast finzener nommenhalje-trawalje flechtsje. Syn frou en útsûnderlikedochters ûnmeilydsumen behannele.de Datoare wiefroulju benammenfan itsyn gefalselskip meistjoerde Marijeer Brucedoe enûnder Isabellade MacDuff,beskerming dy'tfan opsyn itbroer binnenplak[[Neil fan 'eBruce kastielen(broer fan [[RoxburghRobert I)|Neil]], resp.en [[Berwick-upon-Tweed]]Jan ynfan 'eStrathbogie, iepengreve loftof ynAtholl]], koaiennei ophongen[[Kildrummy]], waardenwylst ener sasels deûndergrûnsk folgjendegie fjouwer jier trochbrochten. Ek Robertmei syn broermeast Neilfertroude krigenfolgelingen, dewêrûnder Ingelsensyn ynbruorren Tain[[Tomas tefan pakkenBruce|Tomas]], en[[Aleksander dyfan waardBruce terjochtsteld.(broer Koartefan tiidRobert letter,I)|Aleksander]] open [[7Edwert julyfan Bruce|Edwert]], stoar[[Jakobus EdwertDouglas, Ihear selsfan ek,Douglas|Jakobus enDouglas]] liet(better erbekend as de oarlochSwarte tsjinDouglas), Robert[[Gilbert defan BruceLa oerHay]], oan[[Neil synCampbell folle(stoarn minderyn krêftdiedige1316)|Neil soanCampbell]] en [[EdwertMalcolm II, greve fan Ingelân|Edwert IILennox]].
 
Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn dochter Marjorie, syn susters [[Kristina fan Bruce (suster fan Robert I)|Kristina]] en [[Marije fan Bruce|Marije]] en Isabella MacDuff waarden nei ferrie troch [[Willem II, greve fan Ross]], yn [[Tain]] finzen nommen en útsûnderlike ûnmeilydsum behannele. Dat wie benammen it gefal mei Marije Bruce en Isabella MacDuff, dy't op it binnenplak fan 'e kastielen fan [[Roxburgh]], resp. [[Berwick-upon-Tweed]] yn 'e iepen loft yn koaien ophongen waarden en sa de folgjende fjouwer jier trochbrochten. Ek Robert syn broer Neil krigen de Ingelsen te pakken doe't it garnizoen fan it Kastiel fan Kildrummy ta oerjefte twongen waard, en hy waard neitiid terjochtsteld yn Berwick-upon-Tweed.
[[File:War of Independence figures by Wm Hole.JPG|left|thumb|250px|In [[Fiktoriaanske Tiid|fiktoriaansk]] groepsportret fan 'e [[Skotlân|Skotske]] lieders yn 'e Unôfhinklikheids-oarloggen: Robert de Bruce is de 3e f. rj., mei de reade liuw op it boarst; l. fan Bruce de [[Jakobus Douglas, hear fan Douglas|Swarte Douglas]]; rj. fan Bruce [[Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan]]; en rj. fan har [[William Wallace]].]]
 
It is noch altyd ûnwis wêr't Robert de winter fan [[1306]] op [[1307]] trochbrocht. It wierskynlikst is dat er syn taflecht socht hie op 'e [[Hebriden]], dêr't er mooglik beskûl krige by [[Kristina fan Garmoran]]. Oare serieuze mooglikheden binne dat er yn [[Ierlân]] siet, mooglik by syn skoanfamylje yn [[Ulster (keninkryk)|Ulster]], of op 'e [[Orkney-eilannen]], dy't doedestiden noch ûnder [[Noarwegen|Noarsk]] bestjoer stiene. Unwierskynliker, mar net ûnmooglik, is dat er de winter trochbrocht yn [[Noarwegen]] sels, dêr't syn suster [[Isabella fan Bruce|Isabella]] keninginne-dûairiêre wie.
 
Hoe dan ek, yn [[febrewaris]] [[1307]] kearden Robert-en-dy yn twa groepkes werom nei it Skotske fêstelân. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer Edwert, gie oan lân by it Kastiel fan Turnberry en sette yn [[Galloway]] útein mei in [[guerrillaguerrilja-oarloch]]. It oare legerke, mei oan it befel Robert syn bruorren Tomas en Aleksander, kaam súdliker oan lân, by [[Loch Ryan]], dêr't hja lykwols al rillegau ynsletten, en oppakt enwaarden, om letter eksekutearre waardente wurden yn [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]]. Yn [[april]] behelle Robert in lytse oerwinning yn 'e [[Slach by Glen Trool]], en koart dêrnei fersloech er [[Aymer fan Valence, 2e greve fan Pembroke]], in favoryt fan Edwert I, yn 'e [[Slach by Loudoun Hill]]. Yn dyselde snuorje sette de Swarte Douglas útein mei syn eigen ferneamde guerrillaguerrilja-oarloch yn súdwestlik Skotlân, wêrby't er syn eigen (troch de fijân besette) kastiel yn [[Douglasdale]] oanfoel en platbaarnde. Koarte tiid letter, op [[7 july]] [[1307]], stoar Edwert&nbsp;I fan Ingelân, en liet er de oarloch tsjin Robert de Bruce oer oan syn folle minder krêftdiedige soan [[Edwert II fan Ingelân|Edwert II]].
 
Nei de oerwinning by Loudoun Hill joech Robert syn broer Edwert it befel oer de opstân yn Galloway, en sette doe sels ôf nei it noarden, dêr't er de kastielen fan [[Inverlochy]] en [[Urquhart (Skotlân)|Urquhart]] ynnaam, de kastielen fan [[Inverness]] en [[Nairn]] platbaarnde en doe in mislearre wraam op [[Elgin (Skotlân)|Elgin]] die. Yn it neijier fan [[1307]] befûn Robert him yn [[Aberdeenshire]], oan 'e Skotske noardeastkust, dêr't er [[Banff (Skotlân)|Banff]] bedrige en doe slim siik rekke, mar meitiid wer opbettere. Hy liet Jan Comyn, greve fan Buchan, ûnferslein efter him gewurde, wylst er nei it westen ta sette om 'e kastielen fan [[Balvenie]] en [[Duffus]] te feroverjen en doe dat fan [[Tarradale]], op it [[Swarte Eilân (Skotlân)|Swarte Eilân]]. Mei in omwei fia Inverness en in twadde mislearre wraam op Elgin kearde er doe begjin [[1308]] wer yn it noardeasten werom, dêr't er yn [[maaie]] yn 'e [[Slach by Inverurie (1308)|Slach by Inverurie]] einlings ôfweefde mei de greve fan Buchan. Dêrnei naam er Buchan sels yn en fersloech er it Ingelske garnizoen fan [[Aberdeen]].
Yn [[maart]] [[1309]] rôp Robert foar it earst in parlemint gear te [[St. Andrews]], en tsjin [[augustus]] fan dat jier behearske er hiel Skotlân benoarden de [[rivier]] de [[Tay (rivier)|Tay]]. Yn [[1310]] waard er troch de hiele Skotske geastlikheid as kening erkend, nettsjinsteande it feit dat er feitliks noch altyd ekskommunisearre wie. Dy kar fan 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Tsjerke]] wie fan grut polityk belang, mei't in foech oanpart fan 'e Skotske befolking syn stipe ôfhingje liet fan wat de geastlikheid sei. Yn 'e folgjende trije jier ferovere Robert it iene nei it oare Ingelske garnizoensplak, lykas [[Linlithgow]] yn [[1310]], [[Dumbarton]] yn [[1311]] en [[Perth (Skotlân)|Perth]] yn [[jannewaris]] [[1312]]. Yn dyselde snuorje fierde er ek plondertochten út yn noardlik Ingelân, en yn [[1313]] lâne er mei in leger op it strategysk wichtige eilân [[Man (eilân)|Man]], yn 'e [[Ierske See]], dêr't er letter dat jier [[Castletown]] ynnaam en yn [[1314]] de rest fan it eilân ferovere.
 
Yn it foarjier fan [[1314]] sloech Edwert fan Bruce mei in leger belis foar it Kastiel fan [[Stirling (Skotlân)|Stirling]]. De kastlein, [[Filips fan Mowbray]], stimde deryn ta om dy fêsting oer te jaan as er foàr [[24 juny]] net ûntset wie. Underwilens ferovere de Swarte Douglas yn [[maart]] fan dat jier [[Roxburgh]], wylst [[Tomas Randolph, 1e greve fan Moray|Tomas Randolph, greve fan Moray]], it Kastiel fan [[Edinburch]] ynnaam. Doe't Edwert II fan Ingelân letter dat jier persoanlik in leger nei Skotlân ta late om Stirling te ûntsetten, waard er yn 'e ferneamde [[Slach by Bannockburn]] beslissend ferslein troch in Skotsk leger ûnder lieding fan Robert de Bruce, in oerwinning wêrmei't de Skotske ûnôfhinklikheid foar krapoan trijehûndert jier (oant [[1603]]) feilichsteld waard.
 
===Fierdere oarloggen===
No't it gefaar fan in Ingelske ferovering fan Skotlân ôfkeard wie, giene de Skotten sels yn 'e oanfal. It Ingelske leger waard weromdreaun oer de Skotske súdgrins, wêrnei't Skotske legers de Noardingelske greefskippen [[Kumbria]], [[Noardumberlân]], [[Yorkshire]] en [[Lancashire]] plonderen. Mei de oerwinning te [[Bannockburn]] noch farsk yn oantinken foel Robert yn [[1315]] [[Ierlân]] binnen, dat ek troch de Ingelsen oerhearske waard. Dêr kamen se [[Donal mac Brian O'NeilNeill]], de kening fan [[Tyrone]], te help, en iepenen se in nij front tsjin 'e Ingelsen.
[[File:Battle_of_Bannockburn_-_Bruce_addresses_troops.jpg|left|thumb|300px|Robert de Bruce sprekt syn troepen ta foarôfgeande oan 'e [[Slach by Bannockburn]].]]
 
Dizze ynfaazje moat yn it ljocht sjoen wurde fan Robert syn houlik mei [[Elizabeth fan Burgh]], de dochter fan [[Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster]], en teffens stamme Robert sels fia syn memheit ôf fan leden fan Ierske keningshuzen, wêrûnder [[Aoife MacMurrough|Eva fan Leinster]] (st. [[1188]]), dy't sels wer ôfstamme fan kening [[Brian Boru]] fan [[Munster (keninkryk)|Munster]] en de keningen fan [[Leinster (keninkryk)|Leinster]]. Yn Robert de Bruce syn tiid bestie der noch gjin dúdlikedúdlik [[etnyske groep|etnyskeetnysk]] of [[taalkunde|taalkundigetaalkundich]] skiedingûnderskie tusken de [[Ieren (folk)|Ieren]] en de [[Gaelen]] fan westlik Skotlân. Sadwaande propagearre er in [[Gaelyske talen|pan-gaelyske]] uny fan Skotlân, Ierlân en it eilân Man.
 
Yn 't earstoan liek dat aardich te slagjen, en de Ieren kroanen Robert syn broer Edwert yn [[1316]] sels ta hege kening fan Ierlân. Súdlik fan Ulster wisten de Skotten lykwols de Ierske lieders en befolking net foar harren te winnen, mei't de súdlike Ieren mar kwealk ferskil seagen tusken in Ingelske en in Skotske oerhearsking. Uteinlik kaam oan it Ierske aventoer fan it Hûs Bruce in ein doe't Edwert fan Bruce yn [[1318]] yn 'e [[Slach by Faughart]] omkaam. Dy Skotske nederlaach waard yn 'e measte doetiidske Ierske annalen omskreaun as in geweldich ding foar Ierlân, mei't it in ein makke oan 'e geduerige plondertochten en [[hongersneed|hongersneden]] dêr't it miene folk fan Ierlân troch de oanhâldende striid ûnder litte.
 
===Diplomatike súksessen===
|3= 3. [[Marjorie, grevinne fan Carrick]]
|4= 4. [[Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale]]
|5= 5. [[Isabella fan Gloucester en HertfordClare|Isabella fan Clare, grevinne fan Gloucester en Hertford]]
|6= 6. [[Neil, greve fan Carrick]]
|7= 7. [[Margareta Stewart|Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald]]
|16= 16. [[Willem fan Bruce, 3e hear fan Annandale]]
|17= 17. Kristina
|18= 18. [[David Canmore,fan 8eSkotlân, greve fan Huntingdon]]
|19= 19. [[Maud fan Chester|Maud fan Kevelioc, paltsgrevinne fan Chester]]
|20= 20. [[Richard fan Clare, 4e greve fan Hertford]]
[[Kategory:Hûs Bruce]]
[[Kategory:Skotsk persoan fan Normandysk komôf]]
[[Kategory:Skotsk persoan fan Iersk komôf]]