Michiganmar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
L [[]]
Rigel 17:
[[File:Sunset frm Grand Traverse Lighthouse.jpg|left|thumb|300px|Sinne-ûndergong boppe de Michiganmar, sjoen fan 'e westkust fan [[Michigan|Neder-Michigan]] ôf.]]
 
De Michiganmar wurdt oan 'e westkant begrinzge troch de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steaten]] [[Wiskonsin]] en [[Illinois]], yn it suden troch [[Indiana]], yn it easten troch [[Michigan|Neder-Michigan]], en yn it noarden troch [[Opper-Michigan]]. De beide dielen fan 'e steat [[Michigan]] wurde yn it noardeasten faninoar skaat troch de Strjitte fan Mackinac. De Michiganmar is sadwaande de iennichste fan 'e fiif Grutte Marren dy't folslein omsletten is troch grûngebiet fan 'e [[Feriene Steaten]]. Yn it noardeastlikste diel fan 'e mar lizze in stikmannich lytse eilantsjes.
 
Oars as dat faak tocht wurdt, is de Michiganmar net nei de steat [[Michigan]] neamd, mar krekt oarsom. De namme komt fan in wurd út 'e taal fan 'e [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]]-[[Yndianen]], ''mishigami'', dat "grut wetter" betsjut.