Ferskil tusken ferzjes fan "Borough"

2 bytes grutter ,  5 jier lyn
L
korr
L (red)
L (korr)
Yn 'e [[Iere Midsieuwen]] stifte kening [[Alfred de Grutte]] yn [[Ingelân]] tal fan ''burhs'', fersterke plakken, om 'e ynfallen fan 'e [[Wytsingen]] tsjin te gean. Yn 'e lettere [[Midsieuwen]] kamen dêrút de ''boroughs'' fuort, Ingelske delsettings dy't selsbestjoerend wiene (dus net ûnder it bewâld fan in [[ealman]] foelen), en dy't dêrom fertsjintwurdigers nei it Ingelske [[parlemint]] stjoere mochten. Tsjintwurdich kinne ''boroughs'' yn Ingelsktalige lannen faak (mar net altyd) lykslein wurde mei [[Nederlân]]ske [[dielgemeente]]n (bgl. de ''boroughs'' fan [[New York-Stêd]], [[Londen]] en [[Montreal]]). Sokke ''boroughs'' hawwe mar beheinde bestjoerlike macht, dy't ôfstien is troch de [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] dêr't se ta hearre. Yn [[Alaska]], lykwols is ''borough'' de beneaming foar de [[county (Feriene Steaten)|countys]] fan 'e steat.
 
''Boroughs'' komme foar yn 'e [[Feriene Steaten]] (yn ferskate betsjuttings; sjoch [[borough (Feriene Steaten)|''borough'' (Feriene Steaten)]]); yn [[Ingelân]], [[Noard-Ierlân]] dn de [[Kanada|Kanadeeske]] [[provinsjes fan Kanada|provinsje]] [[Kebek (provinsje)|Kebek]] (en earder ek yn [[Ontario]]). Yn [[Australaazje]] kamen se foarhinne ek foar yn [[Nij-Seelân]], mar no net mear. [[Austraalje (lân)|Austraalje]] omfiemet noch ien inkele ''borough'' ([[Queenscliffe Borough]]).
 
==Sjoch ek==
* [[borough (Feriene Steaten)|''borough'' (Feriene Steaten)]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=