Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 6:
| nasjonaliteit = [[File:Royal arms of Scotland.svg|15px]] [[Skotlân|Skotsk]]
| bertedatum = [[11 july]] [[1274]]
| berteplak = [[Kastiel fan Turnberry]] ([[Skotlân]])
| stjerdatum = [[7 juny]] [[1329]]
| stjerplak = [[Dumbarton]] ([[Skotlân]])
Rigel 34:
}}
{{Oar|Robert Bruce, Robert de Bruce of Robert fan Bruce, de kening fan Skotlân|Robert Bruce (betsjuttingsside)}}
'''Robert I''', ek wol bekend as '''Robert de Bruce''', mei as alternative stavering Robert the Bruce ([[Midsieuwen|Midsieusk]] [[Skotsk-Gaelysk]]: ''Roibert a Briuis''; modern [[Skotsk-Gaelysk]]: ''Raibeart Bruis''; [[Normandje|Normandysk]]-[[Frânsk]]: ''Robert de Brus''; [[Skotsk]]: ''Robert Brus''; [[Kastiel fan Turnberry]], [[11 july]] [[1274]] – [[Dumbarton]], [[7 juny]] [[1329]]) wie [[kening]] fan [[Skotlân]] fan [[1306]] oant syn dea yn [[1329]]. Hy wie fan [[Normandje|Normandysk]]-[[Skotten|Skotsk]]e [[adel]] en waard beskôge as ien fan 'e kundichste legeroersten fan syn generaasje. Robert klom ûnder de [[Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen]] tsjin 'e [[Ingelân|Ingelsen]] op ta lieder fan 'e Skotten, en wist úteinlik de selsstannigens fan syn heitelân mei trijehûndert jier te ferlingjen. Hy wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e nasjonale helden fan Skotlân.
 
==Libben==
===Jonkheid===
Robert de Bruce waard yn [[1274]] berne, wierskynlik op it [[Kastiel fan [[Turnberry]], yn it [[Skotlân|Skotske]] [[Ayrshire]], de residinsje fan 'e greven fan [[Carrick]], de famylje fan syn mem. Hy wie de âldste soan fan [[Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale]], en [[Marjorie, grevinne fan Carrick]]. De famylje fan syn mem wie in âld [[Gaelen|Gaelysk]] laach, dat sûnt minskewitten it greefskip [[Carrick]], yn [[Galloway]], yn besit hie. Robert syn mem Marjorie wie de lêste fan har [[skaai (famylje)|skaai]], en as [[erfdochter]] wie se oant har houlik regearjend grevinne fan Carrick. Neffens it ferhaal wie hja in formidabele frou, dy't Robert syn heit op har kastiel finzen hold oant er deryn tastimde om mei har te trouwen.
 
Oan syn heitekant stamme Robert út in [[Normandje|Normandysk]] [[ridder]]geslacht, dat him ûnder it regear fan kening [[David I fan Skotlân|David I]] yn [[1124]] yn Skotlân fêstige hie, en dat dêr de [[hearlikheid (gebiet)|hearlikheid]] fan [[Annandale]], yn [[Dumfries en Galloway]], yn besit krigen hie. It Hûs Bruce hie lykwols ek grutte lânerijen yn [[Durham (greefskip)|Durham]], yn it noarden fan [[Ingelân]], en yn [[Esseks]] en [[Middelseks]], yn súdlik Ingelân. Robert syn heit Robert fan Bruce stamme fia syn beppe oan heitekant [[Isabella fan Huntingdon]] fan (dy har oerpake) kening David I ôf, wat Robert letter in oanspraak op 'e Skotske troan jaan soe.