Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 52:
Yn [[1294]] easke Edwert I fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it fêstelân fan [[Jeropa]] as ûnderdiel fan 'e [[Hûndertjierrige Oarloch]] tsjin 'e [[Frankryk|Frânsen]] focht. Dat wie sels foar Jan ûnakseptabel, dat ynstee sleat er in bûnsgenoatskip mei [[Frankryk]], dêrby stipe troch syn regearingsrie, dy't dominearre waard troch it mei him ferbûne [[Hûs Comyn]]. Dat betsjutte oarloch mei Ingelân, mar doe't it oare jiers it Skotske leger oproppen waard, wegeren de leden fan it Hûs Bruce en de greven fan [[Gilbert fan Umfraville, greve fan Angus|Angus]] en [[Patrick IV, greve fan March|March]] om oan dy oprop te foldwaan. Ynstee loek it Hûs Bruce him tydlik út Skotlân werom nei harren lânerijen yn Ingelân, en Annandale en Carrick waarden dêrop troch kening Jan yn beslach nommen en oan syn bûnsmaat [[Jan Comyn, greve fan Buchan]] jûn. Yn dy ûnlijige snuorje fûn de jonge Robert noch tiid om tusken de bedriuwen troch mei syn earste frou te trouwen, [[Isabella fan Mar]], de dochter fan [[Donald I, greve fan Mar]], mei wa't er yn [[1296]] in dochter, [[Marjorie fan Bruce|Marjorie]], krije soe.
 
===It begjin fan 'e SkotskSkotske Unôfhinklikheidsoarloggen===
De [[Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch]] begûn op [[26 maart]] [[1296]] mei in Skotske oanfal op 'e Ingelske fêstingstêd [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]], yn [[Kumbria]]. Dat wie net sasear in oanfal fan Skotlân of Ingelân, as wol in oanfal fan it Hûs Comyn op it Hûs Bruce. Sawol Robert syn pake as syn heit wiene nammentlik (efterinoar) warder (foar de Ingelske kening) fan it Kastiel fan Carlisle, en nei it ferlies fan Annandale en Carrick oan 'e Comyns, yn [[1295]], wie Carlisle de wichtichste sit fan 'e Bruces wurden. Robert moat grif holpen hawwe om dizze oanfal ôf te slaan, en dêrby yngeande kennis oangeande de ferdigeningswurken fan Carlisle opdien hawwe. De folgjende kears dat de Skotten foar dizze stêd belis sloegen, wie yn [[1315]], en doe stie Robert oan it haad fan 'e belegerers.