Kastiel fan Turnberry: ferskil tusken ferzjes

Gjin feroaring yn grutte ,  7 jier lyn
L
fotorezjy
(kaartsje)
L (fotorezjy)
[[File:Turnberry Castlekart.jpg|thumb|right|thumb|250px180px|De ruïnesPlak fan it Kastielkastiel fan Turnberry.]]
[[File:Turnberry kart.jpg|thumb|left|150px|Plak fan it kastiel fan Turnberry]]
It '''Kastiel fan Turnberry''' is in fragmintaryske [[ruïne]] op 'e útein fan in lyts [[skiereilân|skiereilantsje]] oan 'e súdwestkust fan [[Skotlân]], yn 'e neite fan 'e [[doarp]]en [[Kirkoswald (Skotlân)|Kirkoswald]] en [[Maybole]], yn it greefskip [[Ayrshire]]. It wie foarhinne de residinsje fan 'e greven fan [[Carrick]].
 
==Skiednis==
It is ûnbekend wannear't of troch wa't it [[kastiel]] boud is, mar it wie oarspronklik in fêsting fan 'e hearen fan [[Galloway]], foar't it oan it begjin fan 'e [[trettjinde ieu]] yn it besit fan 'e greven fan Carrick kaam. Mids trettjinde ieu wie it de sit fan [[Marjorie, grevinne fan Carrick]], de mem fan 'e ferneamde Skotske kening [[Robert I fan Skotlân|Robert I]]. It is net ûntsjinstriidber befêstige, mar it hat der alle skyn fan dat Robert I op it Kastiel fan Turnberry berne waard. Yn elts gefal brocht er der in grut part fan syn jonkheid troch.
[[File:Turnberry kartCastle.jpg|thumb|left|150pxthumb|300px|PlakDe ruïnes fan it kastielKastiel fan Turnberry.]]
 
Under de [[Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch]] waard it kastiel troch de [[Ingelân|Ingelsen]] beset, wat der yn [[1307]] ta late dat Robert I syn eigen kastiel oanfoel. It slagge him net en feroverje de fêsting, mar syn wraam twong it Ingelske garnizoen neitiid om har út 'e krite werom te lûken. Yn [[1310]] oardere Robert I dat it kastiel ferrinnewearre wurde moast, sadat it nea wer yn 'e hannen fan 'e fijân falle koe. Nei de steat fan 'e hjoeddeiske ruïnes te oardieljen, is it dêrnei nea wer opboud.