Robert Burns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Karriêre: redsje
Rigel 28:
==Libben en karriêre==
===Jonkheid en oplieding===
Burns waard yn [[1759]] berne yn it [[doarp]] [[Alloway (Skotlân)|Alloway]], as de âldste soan yn 'e húshâlding mei sân bern fan [[William Burnes]] ([[1721]]-[[1784]]) en dy syn frou [[Agnes Broun]] (of Brown) ([[1732]]-[[1820]]). Syn heit wie in pachtboer út [[Dunnottar]] dy't him troch selsûnderrjocht opwurke hie, en syn mem wie de dochter fan in pachtboer út [[Kirkoswald (Skotlân)|Kirkoswald]], yn [[Ayrshire]]. Syn efternamme stavere Burns sels oant [[1786]] as "Burnes", krekt as syn heit. It hûs dêr't er berne waard, is no it ''Burns Cottage Museum''; Burns wenne dêr oant syn sechsde, yn [[1766]], doe't syn heit in gruttere pachtpleats krije koe súdeastlik fan Alloway. Dêr groeide Burns fierder op yn earmoede, en moast er fan bern ôf oan al flink mei oanpakke om it gesin itende te hâlden.
[[File:Geburtshaus RobertBurns 3 10x15.jpg|thumb|left|220px|It ''Burns Cottage'' yn [[Alloway (Skotlân)|Alloway]], dêr't Burns berne waard.]]