190.824
bewurkings
(nije side) |
L (red) |
||
'''Amnesty''' (fan it [[Gryksk]]e ἀμνηστία, ''amnestia'', "ferjiteftichheid") is de kwytskelding fan skuld, ferliend troch de oerheid oan in persoan of in groep of klasse fan persoanen dy't al feroardiele is/binne foar in [[misdriuw]] of dêr noch foar berjochte wurde moatte. Meastal giet it by in offisjele foarm fan amnesty om lju dy't har skuldich makke hawwe oan [[polityk|politike misdriuwen]] (bgl. [[ferrie]] of dielname oan in [[opstân]]).
In amnesty is mear as
In amnesty wurdt op in beskaat mêd soms absolút ôfkundige, mar meastal wurde der ferskate spesifikaasjes oan tafoege, dy't faak guon lju fan 'e amnesty útslute. In goed foarbyld dêrfan wurdt foarme troch it âldste bekende gefal fan amnesty, dat generaal [[Trasybulus]] yn 403 f.Kr. ôfkundige doe't yn it âlde [[Atene]] fannijs de [[demokrasy]] ynfierd wie, nei de ôfsetting fan 'e [[diktatuer|diktatoriale]] [[Oligargy fan de Tritich]]. By dy amnesty waard nammentlik spesifyk oanjûn dat de tritich [[tiran]]nen sels (en ferskate oaren) fan 'e regeling útsletten wiene.
|