Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
L [[]]
Rigel 20:
| regear2 = [[1318]] – [[1324]]
| amtsperioade2 =
| foargonger2 = [[Edwert fan Bruce (hege kening fan Ierlân)|Edwert]]
| opfolger2 = [[David II fan Skotlân|David]]
| funksje3 = greve fan [[Carrick]]
Rigel 26:
| amtsperioade3 =
| foargonger3 = [[Marjorie fan Carrick, 3e grevinne fan Carrick|Marjorie]]
| opfolger3 = [[Edwert fan Bruce (hege kening fan Ierlân)|Edwert]]
| funksje4 = hear fan [[Annandale]]
| regear4 = [[1304]] – [[1312]]
Rigel 43:
[[File:Robert_the_Bruce.jpg|left|thumb|200px|It stânbyld fan Robert de Bruce yn it Kastiel fan [[Stirling (Skotlân)|Stirling]].]]
 
Oer Robert syn jonkheid is suver neat bekend. Nei alle gedachten waard er grutbrocht yn in ferminging fan 'e [[Anglo-Normandysk]]e [[kultuer]] fan 'e [[adel|aadlike]] fermiddens fan noardlik Ingelân en súdeastlike Skotlân, dêr't syn heite famylje ta hearde, en de [[Gaelen|Gaelyske]] [[kultuer]] fan súdwestlik Skotlân dêr't syn memme famylje út fuortkaam. Yn it doedestiden [[Skotsk-Gaelysk]]talige Carrick en Annandale soe Robert wierskynlik trijetalich grutbrocht wêze, sadat er like floeiend [[Normandje|Normandysk]]-[[Frânsk]], [[Skotsk-Gaelysk]] as [[Skotsk]] spriek. Robert hie njoggen bruorren en susters, en it is goed mooglik dat hy en syn broer [[Edwert fan Bruce (hege kening fan Ierlân)|Edwert]] in diel fan harren jonkheid as pleechbern troch oare aadlike famyljes grutbrocht binne, sa't wenst wie ûnder de âlde Gaelyske adel.
 
Nei it ferstjerren fan kening [[Aleksander III fan Skotlân|Aleksander III]] yn [[1286]], fjouwer jier letter folge troch de dea fan syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer [[Margareta fan Skotlân|Margareta]], byneamd de Faam fan Noarwegen, ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau. Robert wie doedestiden sechstjin jier, âldernôch om him bewust te wêzen fan 'e wichtigens fan sokke foarfallen, yn 't bysûnder mei it each op 'e eigen keninklike konneksje fan syn famylje. Om dyselde tiid hinne waard er ta [[ridder]] slein, en twa jier letter, yn [[1292]], kaam syn mem ûntidich te ferstjerren. Datselde jiers besleat [[Edwert I fan Ingelân]], dy't him op fersyk fan 'e saneamde [[beskermhear fan Skotlân|beskermhearen fan Skotlân]] oer de saak bûgd hie, dat de Skotske troan oan [[Jan fan Skotlân|Jan fan Balliol]] jûn wurde moast, dat in efterneef fan Robert syn pake oan heitekant wie. Syn pake, [[Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale]], joech suver fuort dêrnei net inkeld syn oanspraak op 'e Skotske troan, mar ek syn hearskippij oer Annandale op, mooglik sadat er net trou hoegde te swarren oan syn efterneef. Sadwaande waard Robert syn heit, [[Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale]] doe regearjend hear oer Annandale, en joech er syn regear oer Carrick, it greefskip fan syn frou, op, dat doe oan 'e jonge Robert tafoel.
Rigel 85:
Op [[25 maart]] [[1306]], seis wiken nei de moard op Comyn, liet Robert him yn [[Scone (Skotlân)|Scone]], by [[Perth (Skotlân)|Perth]], troch biskop [[Willem fan Lamberton]] fan [[St. Andrews]] kroane ta kening fan Skotlân. Dat waard dien mei alle byhearrende pracht en preal, en yn it keningsklaad dat [[Robert Wishart]] foar de Ingelsen ferburgen holden hie. Oanwêzich wiene de biskoppen fan [[Glasgow]] en [[Moray]] en de greven fan [[Jan fan Strathbogie, greve of Atholl|Atholl]], [[Alan I, greve fan Menteith|Menteith]], [[Malcolm II, greve fan Lennox|Lennox]] en [[Domhnall II, greve fan Mar|Mar]]. De oare deis arrivearre [[Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan|Isabella MacDuff]], de frou fan [[Jan Comyn, 3e greve fan Buchan|Jan Comyn, greve fan Buchan]] (in neef fan 'e fermoarde Jan Comyn), dy't it rjocht fan har famylje, de [[Klan MacDuff|MacDuff]]-greven fan [[Fife (Skotlân)|Fife]], opeaske om 'e Skotske kening te kroanjen, út namme fan har broer, [[Duncan IV, greve fan Fife|Duncan IV]], dy't minderjierrich en yn Ingelske hannen wie. Sadwaande waard kroaningsseremoanje doe nochris oerdien.
 
Yn [[juny]] [[1306]] waard Robert ferslein yn 'e [[Slach by Methven]], en yn [[augustus]] kamen de Ingelsen him oer it mad te [[Strathfillan]], dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Syn frou en dochters en de oare froulju fan syn selskip stjoerde er doe ûnder de beskerming fan syn broer [[Neil fan Bruce (broer fan Robert I)|Neil]] en [[Jan fan Strathbogie, greve of Atholl]], nei [[Kildrummy]], wylst er sels ûndergrûnsk gie mei syn meast fertroude folgelingen, wêrûnder syn bruorren [[Tomas fan Bruce|Tomas]], [[Aleksander fan Bruce|Aleksander]] en [[Edwert fan Bruce (hege kening fan Ierlân)|Edwert]], [[Jakobus Douglas, hear fan Douglas|Jakobus Douglas]] (better bekend as de Swarte Douglas), [[Gilbert fan La Hay]], [[Neil Campbell (stoarn yn 1316)|Neil Campbell]] en [[Malcolm II, greve fan Lennox]].
 
Yn 'e [[maityd]] fan [[1306]] late Edwert I fannijs in kampanje yn Skotlân. Hy besette Annandale, Carrick en de lânerijen fan Robert syn folgelingen, en skonk dy oan syn eigen oanhingers. Yn [[juny]] [[1306]] waard Robert ferslein yn 'e [[Slach by Methven]], en yn [[augustus]] kamen de Ingelsen him oer it mad te [[Strathfillan]], dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Syn frou en dochters en de oare froulju fan syn selskip stjoerde er doe ûnder de beskerming fan syn broer [[Neil fan Bruce (broer fan Robert I)|Neil]] en [[Jan fan Strathbogie, greve of Atholl]], nei [[Kildrummy]], wylst er sels ûndergrûnsk gie mei syn meast fertroude folgelingen, wêrûnder syn bruorren [[Tomas fan Bruce|Tomas]], [[Aleksander fan Bruce (broer fan Robert I)|Aleksander]] en [[Edwert fan Bruce (hege kening fan Ierlân)|Edwert]], [[Jakobus Douglas, hear fan Douglas|Jakobus Douglas]] (better bekend as de Swarte Douglas), [[Gilbert fan La Hay]], [[Neil Campbell (stoarn yn 1316)|Neil Campbell]] en [[Malcolm II, greve fan Lennox]].
 
Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn dochter Marjorie, syn susters [[Kristina fan Bruce (suster fan Robert I)|Kristina]] en [[Marije fan Bruce|Marije]] en Isabella MacDuff waarden nei ferrie troch [[Willem II, greve fan Ross]], yn [[Tain]] finzen nommen en útsûnderlike ûnmeilydsum behannele. Dat wie benammen it gefal mei Marije Bruce en Isabella MacDuff, dy't op it binnenplak fan 'e kastielen fan [[Roxburgh]], resp. [[Berwick-upon-Tweed]] yn 'e iepen loft yn koaien ophongen waarden en sa de folgjende fjouwer jier trochbrochten. Ek Robert syn broer Neil krigen de Ingelsen te pakken doe't it garnizoen fan it Kastiel fan Kildrummy ta oerjefte twongen waard, en hy waard neitiid terjochtsteld yn Berwick-upon-Tweed.