Arapaho (folk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
{{Ynfoboks etnyske groep|
Etnyske groep= Arapaho |
Ofbyld= [[File:Arapahokoppen.JPG|300px]]
Boppeste rige f.l.n.rj.: [[Lofterhân (Arapaho-opperhaad)|Lofterhân]], [[Carl Sweezy]], [[Burnu Acquanetta]]; twadde rige f.l.n.rj.: [[Tsjeppe Noas]], [[Peter DePoe]], [[Lytse Raven]].

Ofbyld= [[File:Arapaho camp with buffalo meat drying near Fort Dodge, Kansas.jpg|300px]]
In [[19e iuw|njoggentjinde-iuwsk]] Arapaho-kamp mei drûgjend [[Amerikaanske bizon|bizon]]fleis. |
Flagge 1= [[File:Flagge fan de Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat.PNG|100px]]
Noardlike Arapaho|
Flagge 2= [[File:Flagge fan de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma.png|105px]]
Súdlike Arapaho|
Rigel 17:
Oantallen= 14.000
9.900
4.000          |

De '''Arapaho''' ([[Ingelsk]]: ''Arapaho'' of ''Arapahoe'') binne in lânseigen [[Yndianen|Yndiaansk]] folk fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]], dat oant djip yn 'e [[njoggentjinde iuwieu]] grutte dielen fan 'e hjoeddeistige [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steaten]] [[Wyoming]], [[Kolorado]], [[Nebraska]], [[Montana]], [[Kansas]] en [[Oklahoma]] behearske. Hja ûnderholden fan âlds in politike en militêre alliânsje mei de oan har besibbe [[Sjajinnen]] (''Cheyenne''), en stiene sadwaande ek faak oan 'e kant fan 'e [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), dat ek Sjajinske bûnsgenoaten wiene. De [[Arapaho (taal)|Arapaho]]-[[taal]] heart ta de [[Algonkwynske talen|Algonkwynske famylje]] en is it naust besibbe oan 'e taal fan 'e [[Gro Wânt (folk)|Gro Wânt]] (''Gros Ventre''). Tsjin [[1850]] wiene de Arapaho útinoar fallen yn twa folksdielen, de [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]] en de [[Súdlike Arapaho (folk)|Súdlike Arapaho]]. Tsjintwurdich diele de Noardlike Arapaho mei de [[Eastlike Sjosjoanen]] it [[Wind River Yndianereservaat]] fan [[Wyoming]], wylst de Súdlike Arapaho mei de [[Súdlike Sjajinnen]] yn westlik [[Oklahoma]] libje.

==Etymology==
Rigel 23:

==Demografy==
Histoarysk sjoen bestiene de Arapaho út fiif [[etnyske groep|etnyske]] subgroepen, fan noard nei súd de [[Gro Wânt (folk)|Gro Wânt]] (''Gros Ventre''), de [[Besawûnena (folk)|Besawûnena]] (''Besawunena''), de wiere Arapaho, de [[Haänahawûnena (folk)|Haänahawûnena]] (''Ha'anahawunena'') en de [[Nawatinehena (folk)|Nawatinehena]] (''Nawathinehena''). Elts fan dy fiif groepen spriek in eigen, ûnderling fersteanber [[dialekt]] en behold iuwenlangieuwenlang syn eigen etnyske identiteit, al wie der wol in mienskiplik gefoel dat se ûnderling ferbûn wiene, wat ta utering kaam yn gearkomsten fan 'e groepen en yn in polityk en militêr bûnsgenoatskip. Fral de Gro Wânt, Besawûnena en wiere Arapaho lykje nau besibbe west te hawwen, alteast op [[taalkunde|taalkundich]] mêd. It dialekt fan 'e Haänahawûnena wie it dreechst foar de oaren om te ferstean.
[[File:Arapaho_leggings_moccasins_1910_OHS.jpg|left|thumb|200px|In pear Arapaho lears-[[mokassin]]s út ±[[1910]].]]

Tsjin 'e ein fan 'e [[achttjinde iuwieu]] begûnen de súdlikste fjouwer groepen stadichoan gear te ranen, wylst de Gro Wânt har ûntjoegen ta in selsstannich folk en har los makken fan 'e oare fjouwer. De [[Haänahawûnena (taal)|Haänahawûnena]]- en [[Nawatinehena (taal)|Nawatinehena]]-dialekten of -talen stoaren yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuwieu]] út, wylst it [[Besawûnena (taal)|Besawûnena]] oant yn 'e 1920-er jierren sprekkers hie ûnder de Noardlike Arapaho. Noch altiten libje der yn it Wind River Reservaat 50 minsken dy't wis binne fan in Besawûnena-ôfstamming.

De [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]] neame harsels ''Nank’haanseine’nan'' (it "Byfoetfolk" – [[byfoet]] is in plant), en komme fierhinne fuort út 'e histoaryske subgroep fan 'e wiere Arapaho, al binne dêr grutte oantallen Haänahawûnena en Besawûnena yn opgien. Hja libje sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuwieu foar it meastepart yn Wyoming, dêr't se in [[Yndianereservaat|reservaat]] hawwe, it [[Wind River Yndianereservaat]], mei as haadplak [[Fort Washakie (Wyoming)|Fort Washakie]]. Dat reservaat diele se mei de [[Eastlike Sjosjoanen]], dat histoaryske fijannen fan harren binne. De [[Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat]] is in [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende stamme]], wat sizze wol dat er troch Amerikaanske oerheid erkend wurdt as in soevereine naasje binnen de grinzen fan 'e Feriene Steaten. Neffens sifers út april [[2014]] hie de stamme doe likernôch 9.885 leden, fan wa't (yn [[2011]]) krapoan 8.200 permanint yn it reservaat wennen. Fan 'e befolking fan it reservaat is 51,3% fan [[etnyske groep|etnysk]] [[Yndianen|Yndiaansk]] komôf en bestiet 35,2% út leden fan 'e Arapaho Stamme.

De [[Súdlike Arapaho (folk)|Súdlike Arapaho]] neame harsels ''Náwunena'' of ''Noowunenno’'', wat "Súdlik Folk" betsjut. Der wurdt wol tocht dat hja benammen fuortkomme út 'e histoaryske subgroep fan 'e Nawatinehena, al soe it ek kinne dat se foar it meastepart ôfstamje fan it súdlike diel fan 'e wiere Arapaho, dêr't de Nawatinehena yn opgien binne. Sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuwieu hâlde de Súdlike Arapaho fral ta yn westlik [[Oklahoma]], dêr't se tegearre mei de nau besibbe [[Súdlike Sjajinnen]] ien federaal erkende stamme foarmje, de [[Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma]]. Dy stamme hat gjin eigen reservaat mear (hast gjin inkele stamme yn Oklahoma hat dat noch), mar it haadkertier is fêstige yn [[Concho (Oklahoma)|Concho]]. De stamme hie yn [[2011]] 12.130 leden, wêrfan't yn [[2003]] likernôch 4.000 har identifearren as Arapaho. Dêrby moat oantekene wurde dat it troch it oanhâldende yninoar omtrouwen hieltyd dreger wurdt om noch te sizzen wa't in Arapaho en wa't in Sjajinne is. Dat wurdt ek wjerspegele yn 'e namme fan 'e stamme, dy't sûnt [[2000]] feroare is fan "Súdlike Sjajinne en Arapaho Stamme'''n''' fan Oklahoma" (meartal) yn "Sjajinne en Arapho Stamme fan Oklahoma" (inkeltal). Guon Súdlike Arapaho iverje foar it winnen fan federale erkenning foar de Arapaho Stamme fan Oklahoma, it Arapaho-diel fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme, los fan it Sjajinske diel dus, mar dat liket net te einjen.
[[File:Black_Man_-_An_Arapaho_warrior_-_By_E.A_Burbank,_1899.jpg|right|thumb|200px|Swarte Man, in Arapaho-kriger mei oarlochsferve op, yn [[1899]] skildere troch [[Elbridge Ayer Burbank]].]]

Rigel 38:

===Op 'e flakten===
Yn 'e [[santjinde iuwieu|santjinde]] of mooglik al yn 'e [[sechstjinde iuwieu]] waarden de Arapaho-Gro Wânt, yn 'e mande mei de Sjajinnen, troch de út it easten wei opkringende [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]] (''Ojibwe'') út 'e boskgebieten fan Minnesota en eastlik Manitoba de [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] op dreaun. It liket derop de [[Besawûnena (folk)|Besawûnena]] langer as de oare Arapaho yn 'e krite fan 'e Grutte Marren hingjen bleaun binne en pas nei ferrin fan tiid harren sibben folge binne nei de flakten. (De namme ''Bäsawunena'', dy't oer it algemien ynterpretearre wurdt as "folk fan 'e grutte tinten", soe neffens in protte saakkundigen eins "folk fan 'e grutte marren" betsjutte.) Op 'e flakten oankommen libben de Arapaho earst yn 'e noardlike kontreien dy't fan 'e rivier de [[Súdlike Saskatchewan (rivier)|Súdlike Saskatchewan]], yn Kanada, oant yn 'e hjoeddeistige steaten [[Montana]] en [[Wyoming]] en it westlike diel fan 'e [[Dakota's]] rûnen. Meitiid teagen se lykwols nei it súdwesten ta, dêr't se harren wengebiet fêstigen yn wat no de Amerikaanske steaten [[Wyoming]] en [[Kolorado]] en westlik [[Kansas]] en [[Nebraska]] binne. Koart nei [[1700]] kamen se foar it earst oan [[hynder]]s (earder hiene se geandefoets op [[Amerikaanske bizon|bizons]] jage), en namen se de [[hynstekultuer]] fan 'e súdliker Flaktestammen oer, dy't letter sa ferneamd wurde soe troch it [[literatuer|literêre]] en [[film]]sjenre fan 'e [[western (sjenre)|western]].

Yn [[1811]] of dêromtrint sleaten de Arapaho in formeel bûnsgenoatskip mei de [[Sjajinnen]] (''Cheyenne''), dat oant hjoed de dei stânhâldt. Tegearre fochten de beide stammen yn it suden fan harren domein, yn 'e krite fan 'e [[Reade Rivier (Missoury)|Reade Rivier]], tsjin 'e [[Komansjen]] (''Comanche''), [[Kajowa (folk)|Kajowa]] (''Kiowa'') en [[Flakte-Apachen]]. Dy striid waard yn [[1840]] beëinige, doe't der in fredesferdrach en sels in ferbûn sletten waard. De bekendste Arapaho-lieder dy't dêrby belutsen wie, wie it opperhaad [[Lytse Raven]]. Mei de stipe fan harren nije Kajowa-bûnsmaten wisten de Arapaho doe foar it earst troch te kringen yn 'e [[Teksas|Teksaanske]] ''[[Texas Panhandle|Panhandle]]''. Ien Súdlike Arapaho-troep rekke sa nau ferbûn mei de Komantsjen dat se úteinlik de taal fan har bûnsgenoaten oernamen en as de ''Saria Tʉhka''- of "Hûne-iters"-troep yn it Komantsjyske folksferbân opnommen waarden.
Rigel 59:

Yn [[1876]]-[[1877]] waard op 'e noardlike flakten noch de [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] útfochten, mar de dielname fan 'e Noardlike Arapaho dêroan wie net grut. Dat wie benammentlik te tankjen (of te witen) oan opperhaden lykas [[Swarte Koallen]], dy't ûnder eagen sjoen hie dat de ûngelikense striid tsjin 'e blanken net mei de wapens wûn wurde koe, en dêrom út alle macht besocht om it de Arapaho-krigers te ûntpraten om har yn dit konflikt wer by har Sjajinske en Lakota-bûnsmaten fan âlds te jaan. It meast ferneamde en teffens wichtichste treffen fan 'e Grutte Sû-Oarloch wie de [[Slach oan de Little Bighorn]], wêrby't de Yndianen it Amerikaanske 7de Kavaleryregimint fan generaal [[George Armstrong Custer]] fierhinne ferdylgen. Yn dy slach fochten neffens ien ferhaal mar fiif Arapaho-krigers mei, te witten de Noardlike Arapaho Giele Earn, Giele Mich, Lofterhân en Wetterman en de Súdlike Arapaho Wolwittende Man (ek wol bekend as Grien Gers). Hja wiene der fiifresom op útgien om 'e Sjosjoanen te oerfallen, mar waarden finzen nommen troch in grutte groep Lakota, dy't har foar ferkenners fan it Amerikaanske leger holden. It Sjajinske opperhaad [[Twa Moannen]] koe har lykwols werom, sadat se wer frijlitten waarden. Dy nacht bleaune se oer yn it grutte doarp fan 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen oan 'e [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]], dat de oare deis ûnferwachts oanfallen waard troch Custer en syn troepen. En sa fochten dy fiif mannen doe mei, wêrby't Wetterman nei eigen sizzen sa foaroan wie yn 'e striid dat er Custer stjerren seach. Nei't it skynt skeat Lofterhân yn 'e striid by fersin in Lakota dea dy't er oanseach foar in [[Arikara (folk)|Arikara]]-ferkenner fan it Amerikaanske leger, wat de relaasjes tusken de fiif Arapaho en har gasthearen gjin goed die. Nei ôfrin fan 'e slach waarden se dêrom mar stil wei en kearden se werom nei har eigen folk by [[Fort Robinson]], yn [[Nebraska]]. Neffens in oar ferslach focht der teminsten noch ien oare Arapaho mei yn 'e Slach oan de Little Bighorn, nammentlik it froulike kriichsopperhaad [[Tsjeppe Noas]].
Ofbyld= [[File:Arapaho camp with buffalo meat drying near Fort Dodge, Kansas.jpg|300px]]
250px|right|thumb|In [[19e iuwieu|njoggentjinde-iuwskieusk]] Arapaho-kamp mei drûgjend [[Amerikaanske bizon|bizon]]fleis. |]]

Nei ôfrin fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, doe't de Noardlike Arapaho al har lân oan kolonisaasje troch de blanken ferlearen, waarden se by de [[Eastlike Sjosjoanen]] yn it [[Wind River Yndianereservaat]] fan [[Wyoming]] pleatst. De Súdlike Arapaho hiene al yn [[1867]] mei de [[Súdlike Sjajinnen]] in [[Yndianereservaat|reservaat]] krigen yn westlik [[Oklahoma]]. Under de [[Wet-Dawes]] waard yn [[1892]] lykwols alle reservaatlân dat net yndividueel eigendom wie, frijjûn foar [[kolonisaasje]] troch de blanken. Mei de [[Wet-Curtis fan 1898]] waarden alle Yndiaanske regearings yn Oklahoma opheft foarôfgeande oan it opnimmen yn 'e Amerikaanske Uny fan dat gebiet as in folweardige steat. Offisjeel hiet it dat Oklahoma oars sa'n soad reservaten hawwe soe, dat it ûnregearber wurde soe, mar eins wie it in ordinêr besykjen om 'e Yndianen te assimilearjen. Yn 'e [[tweintichste iuwieu]] kaam [[Washington, D.C.|Washington]] werom fan dat belied, mar tsjin dy tiid wie Oklahoma al in soevereine steat, en koe it nasjonaal regear Oklahoma net mear twinge om dy soevereiniteit werom te jaan oan 'e Yndianen. Likegoed besocht men manearen te finen om it wer wat goed te meitsjen, en in wichtige stap op dy wei wie it oannimmen fan 'e [[Oklahoma-Yndiaanske Wolwêzenswet]] fan [[1936]], dy't it begryp "eardere Yndiaanske reservaten yn Oklahoma" as in juridyske term yntrodusearre. Oan dy gebieten waarden tenei beskate foardielen takend dy't ek oan noch besteande reservaten tafoelen. As gefolch fan dizze wet koe yn [[1937]] de [[Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma]] oprjochte wurde, sûnder reservaat, mar mei as juridyske lânbasis it eardere Sjajinne- en Arapaho-reservaat. Underwilens wie yn [[1906]], op lêst fan it [[Amerikaansk Kongres|Amerikaanske Kongres]], in diel fan it Wind River Reservaat ôfpakt foar blanke kolonisaasje, en dêr ûntjoech him it stedsje [[Riverton (Wyoming)|Riverton]]. Mear as in iuwieu hold de tsierderij oer de status fan dat gebiet oan, oant yn desimber [[2013]] it [[Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken]], yn gearwurking mei beskate oare oerheidsorganen, kedize dat Riverton ûnderdiel fan it reservaat foarme (yn [[2014]] focht de steat Wyoming dit beslút by de [[rjochter]] oan).

==Taal==