Lienwurd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
In '''lienwurd''' is in [[wurd]] dat troch de (sprekkers fan 'e) iene [[taal]] út 'e oare taal oernommen is, sûnder dat dêrby [[oersetting]] plakfynt. Dêrmei ûnderskiedt in lienwurd him fan in [[lienfertaling]], wêrby't net it wurd sels, mar de betsjutting oernommen wurdt yn in oare taal (bgl. "mei-lijen" fan it [[Latyn]]ske ''com-passio''). Wol is it mooglik dat de útspraak fan in lienwurd oan 'e nije taal oanpast wurdt, in proses dat [[ferbastering]] neamd wurdt. Soms is it lienwurd dêrtroch nei ferrin fan tiid suver net mear werom te kennen (lykas it [[Frysk]]e "perfoarst", dat fan it [[Frânsk]]e ''par force'' komt). Oare lienwurden binne al sa lang lyn oernommen (blg. "keatsen" fan it Frânske ''chasser''), dat nimmen der noch wat efter siket.
 
It [[Frysk]] hat fral in protte lienwurden oernommen út it [[Ingelsk]] ([[kompjûter]], [[plestik]], [[tiim]]), it [[Frânsk]] ([[fúljeton]], [[horloazje]], [[sjoernalist]]), it [[Latyn]] ([[yndustry]], [[kamera]], [[rekreaasje]]), it [[Gryksk]] ([[amnesty]], [[dialooch]], [[mûnts]]) en yn mindere mjitte it [[Dútsk]] ([[abseilen]], [[krimy]], [[langlaufen]]). Ek oare talen hawwe har bydrage levere oan it hjoeddeistige Frysk, lykas it [[Arabysk]] ([[admiraal]], [[algebra]], [[alkohol]], [[almenak]]); it [[Nahuatl|Azteeksk]] ([[kakao]], [[patat]], [[tomaat]]); it [[Finsk]] ([[sauna]]); it [[Iislânsk]] ([[geiser (boarne)|geiser]]); it [[Japansk]] ([[haikû]], [[karaoke]], [[tsûnamy]]); it [[Jiddysk]] ([[klezmer]], mazzel, mesjogge); it [[Lakota (taal)|Lakota]] ([[tipy]]); it [[Russysk]] ([[tolk (berop)|tolk]], [[tsaar]]); en [[Swahily]] ([[safary]]).
 
{{boarnen|boarnefernijing=