Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 64:
It is mooglik dat Robert koart nei't de Skotten de Ingelsen ûnder Surrey yn 'e [[Slach by Stirling]] ([[1297]]) ferslein hiene, fannijs in oerienkomst mei de fijân sleat. In sterke oanwizing dêrfoar kin wêze dat Edwert nei de Skotske nederlaach yn 'e [[Slach by Falkirk (1298)|Slach by Falkirk]] ([[1298]]) Annandale en Carrick net konfiskearre, sa't er dat wol die mei de besittings fan oare opstannige eallju. Ien histoaryske boarne wol hawwe dat de reden dêrfoar wie dat Robert by Falkirk foar de Ingelsen focht, mar oan 'e oare kant is syn namme net te finen op 'e saneamde ''[[Falkirk Roll]]'', dêr't alle by de slach oanwêzige eallju yn it Ingelske leger yn neamd wurde. Boppedat paste Robert nei de slach yn Annandale de taktyk fan 'e [[ferskroeide ierde]] ta om foar te kommen dat de Ingelsen baat hawwe soene fan harren oerhearsking fan it gebiet, en stiek er om dyselde reden it Kastiel fan Ayr yn 'e brân.
 
Nei de nederlaach by Falkirk stapte William Wallace op as beskermhear fan Skotlân, en waard er opfolge troch Robert en [[Jan III Comyn, hear fan Badenoch]]. De beskermhearen wiene [[regint]]en, dy't it lân bestjoerden yn 'e ôfwêzigens fan 'e kening, mar it twatal Bruce en Comyn krige datoangeande neat foarinoar, mei't de beide rivalen net oer harren skeel hinne stappe koene. Uteinlik waard yn [[1299]] [[Willem fan Lamberton]], de biskop fan [[St. Andrews]], as trêde beskermhear tafoege om as midsman te fungearjen tusken de oare beide. Doe't dat ek net holp, stapte Robert yn [[1300]] op as beskermhear en waard er ferfongen troch [[Ingram fan Umfraville]]. Noch wer in jier letter treden Comyn, Lamberton en AngusUmfraville ek ôf en waarden se ferfongen troch de neutrale [[Jan fan Soules]], in Skotsk patriot dy't útkeazen waard om't er neutraal wie yn 'e striid tusken de Comyns en de Bruces. Soules sette him derfoar yn om Jan fan Balliol wer op 'e Skotske troan te krijen.
 
Nei't yn 'e simmer fan [[1301]] in nije Ingelske ynfaazje fan Skotlân mislearre wie, waard der in wapenstilstân fan njoggen moannen ôfkundige. Om dy tiid hinne ûnderwurp Robert him mei ferskate oare Skotske eallju oan Edwert fan Ingelân, mooglik om't derfan grute waard dat Jan fan Balliol mei koarten frijlitten wurde soe om wer kening te wurden. Dêr bliek lykwols neat fan oan te wêzen. Datselde jiers troude Robert ek mei syn twadde frou, [[Elizabeth fan Burgh]], de dochter fan [[Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster]]. Mei har krige er fjouwer bern: de [[twilling]] [[David II fan Skotlân|David]] (dy't him letter opfolgje soe) en Jan (dy't as bern stoar), en fierders twa dochters, [[Maud fan Bruce (dochter fan Robert I)|Matilda]] en [[Margareta fan Bruce (dochter fan Robert I)|Margareta]].