Ferskil tusken ferzjes fan "Robert I fan Skotlân"

L
Yn 'e [[maityd]] fan [[1306]] late Edwert I fannijs in kampanje yn Skotlân. Hy besette Annandale, Carrick en de lânerijen fan Robert syn folgelingen, en skonk dy oan syn eigen oanhingers. Yn [[juny]] [[1306]] waard Robert ferslein yn 'e [[Slach by Methven]], en yn [[augustus]] kamen de Ingelsen him oer it mad te [[Strathfillan]], dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Syn frou en dochters en de oare froulju fan syn selskip stjoerde er doe ûnder de beskerming fan syn broer [[Neil fan Bruce (broer fan Robert I)|Neil]] en [[Jan fan Strathbogie, greve of Atholl]], nei it [[Kastiel fan Kildrummy]], wylst er sels ûndergrûnsk gie mei syn meast fertroude folgelingen, wêrûnder syn bruorren [[Tomas fan Bruce|Tomas]], [[Aleksander fan Bruce (broer fan Robert I)|Aleksander]] en [[Edwert fan Bruce (hege kening fan Ierlân)|Edwert]], [[Jakobus Douglas, hear fan Douglas|Jakobus Douglas]] (better bekend as de Swarte Douglas), [[Gilbert fan La Hay]], [[Neil Campbell (stoarn yn 1316)|Neil Campbell]] en [[Malcolm II, greve fan Lennox]].
 
Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn dochter Marjorie, syn susters [[Kristina fan Bruce (suster fan Robert I)|Kristina]] en [[Marije fan Bruce|Marije]] en Isabella MacDuff waarden nei ferrie troch [[Willem II, greve fan Ross]], yn [[Tain]] finzen nommen en útsûnderlike ûnmeilydsum behannele. Dat wie benammen it gefal mei Marije fan Bruce en Isabella MacDuff, dy't op it binnenplak fan 'e kastielen fan [[Roxburgh]], resp. [[Berwick-upon-Tweed]] yn 'e iepen loft yn koaien ophongen waarden en sa de folgjende fjouwer jier trochbrochten. Ek Robert syn broer Neil krigen de Ingelsen te pakken doe't it garnizoen fan it Kastiel fan Kildrummy ta oerjefte twongen waard, en hy waard neitiid terjochtsteld yn Berwick-upon-Tweed.
[[File:War of Independence figures by Wm Hole.JPG|left|thumb|250px|In [[Fiktoriaanske Tiid|fiktoriaansk]] groepsportret fan 'e [[Skotlân|Skotske]] lieders yn 'e Unôfhinklikheids-oarloggen: Robert de Bruce is de 3e f. rj., mei de reade liuw op it boarst; l. fan Bruce de [[Jakobus Douglas, hear fan Douglas|Swarte Douglas]]; rj. fan Bruce [[Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan]]; en rj. fan har [[William Wallace]].]]