Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 94:
It is noch altyd ûnwis wêr't Robert de winter fan [[1306]] op [[1307]] trochbrocht. It wierskynlikst is dat er syn taflecht socht hie op 'e [[Hebriden]], dêr't er mooglik beskûl krige by [[Kristina fan Garmoran]]. Oare serieuze mooglikheden binne dat er yn [[Ierlân]] siet, mooglik by syn skoanfamylje yn [[Ulster (keninkryk)|Ulster]], of op 'e [[Orkney-eilannen]], dy't doedestiden noch ûnder [[Noarwegen|Noarsk]] bestjoer stiene. Unwierskynliker, mar net ûnmooglik, is dat er de winter trochbrocht yn [[Noarwegen]] sels, dêr't syn suster [[Isabella fan Bruce|Isabella]] keninginne-dûairiêre wie.
 
Hoe dan ek, yn [[febrewaris]] [[1307]] kearden Robert-en-dy yn twa groepkes werom nei it Skotske fêstelân. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer Edwert, gie oan lân by it [[Kastiel fan Turnberry]] en sette yn [[Galloway]] útein mei in [[guerrilja-oarloch]]. It oare legerke, mei oan it befel Robert syn bruorren Tomas en Aleksander, kaam súdliker oan lân, by [[Loch RyanStranraer]], dêr'tmar hjawaarden lykwolsnei alde rillegau[[Slach by Loch Ryan]] ynsletten en oppakt waarden, om letter eksekutearre te wurden yn [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]]. Yn [[april]] behelle Robert in lytse oerwinning yn 'e [[Slach by Glen Trool]], en koart dêrnei fersloech er [[Aymer fan Valence, 2e greve fan Pembroke]], in favoryt fan Edwert I, yn 'e [[Slach by Loudoun Hill]]. Yn dyselde snuorje sette de Swarte Douglas útein mei syn eigen ferneamde guerrilja-oarloch yn súdwestlik Skotlân, wêrby't er syn eigen (troch de fijân besette) kastiel yn [[Douglasdale]] oanfoel en platbaarnde. Koarte tiid letter, op [[7 july]] [[1307]], stoar Edwert I fan Ingelân, en liet er de oarloch tsjin Robert de Bruce oer oan syn folle minder krêftdiedige soan [[Edwert II fan Ingelân|Edwert II]].
 
Nei de oerwinning by Loudoun Hill joech Robert syn broer Edwert it befel oer de opstân yn Galloway, en sette doe sels ôf nei it noarden, dêr't er de kastielen fan [[Inverlochy]] en [[Urquhart (Skotlân)|Urquhart]] ynnaam, de kastielen fan [[Inverness]] en [[Nairn]] platbaarnde en doe in mislearre wraam op [[Elgin (Skotlân)|Elgin]] die. Yn it neijier fan [[1307]] befûn Robert him yn [[Aberdeenshire]], oan 'e Skotske noardeastkust, dêr't er [[Banff (Skotlân)|Banff]] bedrige en doe slim siik rekke, mar meitiid wer opbettere. Hy liet Jan Comyn, greve fan Buchan, ûnferslein efter him gewurde, wylst er nei it westen ta sette om 'e kastielen fan [[Balvenie]] en [[Duffus]] te feroverjen en doe dat fan [[Tarradale]], op it [[Swarte Eilân (Skotlân)|Swarte Eilân]]. Mei in omwei fia Inverness en in twadde mislearre wraam op Elgin kearde er doe begjin [[1308]] wer yn it noardeasten werom, dêr't er yn [[maaie]] yn 'e [[Slach by Inverurie (1308)|Slach by Inverurie]] einlings ôfweefde mei de greve fan Buchan. Dêrnei naam er Buchan sels yn en fersloech er it Ingelske garnizoen fan [[Aberdeen]].