Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 96:
Hoe dan ek, yn [[febrewaris]] [[1307]] kearden Robert-en-dy yn twa groepkes werom nei it Skotske fêstelân. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer Edwert, gie oan lân by it [[Kastiel fan Turnberry]] en sette yn [[Galloway]] útein mei in [[guerrilja-oarloch]]. It oare legerke, mei oan it haad Robert syn bruorren Tomas en Aleksander, kaam súdliker oan lân, by [[Stranraer]]. De leden fan dy troepemacht waarden lykwols nei de [[Slach by Loch Ryan]] ynsletten en oppakt, en de beide bruorren Bruce waarden letter eksekutearre yn [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]]. Yn [[april]] behelle Robert in lytse oerwinning yn 'e [[Slach by Glen Trool]], en koart dêrnei fersloech er [[Aymer fan Valence, 2e greve fan Pembroke]], in favoryt fan Edwert I, yn 'e [[Slach by Loudoun Hill]]. Yn dyselde snuorje sette de Swarte Douglas útein mei syn eigen ferneamde guerrilja-oarloch yn súdwestlik Skotlân, wêrby't er syn eigen (troch de fijân besette) kastiel yn [[Douglasdale]] oanfoel en platbaarnde. Koarte tiid letter, op [[7 july]] [[1307]], stoar Edwert I fan Ingelân, en liet er de oarloch tsjin Robert de Bruce oer oan syn folle minder krêftdiedige soan [[Edwert II fan Ingelân|Edwert II]].
 
Nei de oerwinning by Loudoun Hill joech Robert syn broer Edwert it befel oer de opstân yn Galloway, en sette doe sels ôf nei it noarden, dêr't er de kastielen fan [[Inverlochy]] en [[Urquhart (Skotlân)|Urquhart]] ynnaam, de kastielen fan [[Inverness]] en [[Nairn]] platbaarnde en doe in mislearre wraam op [[Elgin (Skotlân)|Elgin]] die. Yn it neijier fan [[1307]] befûn Robert him yn [[Aberdeenshire]], oan 'e Skotske noardeastkust, dêr't er [[Banff (Skotlân)|Banff]] bedrige en doe slim siik rekke, mar meitiid wer opbettere. Hy liet Jan Comyn, greve fan Buchan, ûnferslein efter him gewurde, wylst er nei it westen ta sette om 'e kastielen fan [[Kastiel fan Balvenie|Balvenie]] en [[Kastiel fan Duffus|Duffus]] te feroverjen en doe dat fan [[Kastiel fan Tarradale|Tarradale]], op it [[Swarte Eilân (Skotlân)|Swarte Eilân]]. Mei in omwei fia Inverness en in twadde mislearre wraam op Elgin kearde er doe begjin [[1308]] wer yn it noardeasten werom, dêr't er yn [[maaie]] yn 'e [[Slach by Inverurie (1308)|Slach by Inverurie]] einlings ôfweefde mei de greve fan Buchan. Dêrnei naam er Buchan sels yn en fersloech er it Ingelske garnizoen fan [[Aberdeen]].
 
Ien fan syn minder fraaie episoaden folge op 'e ferovering fan it noardeasten, doe't Robert de Bruce it befel joech ta de [[Ferwuostging fan Buchan]], om der wis fan te wêzen dat alle Comyns útrûge en harren oanhing yn bloed smoard waarden. Dy praktyk omfette net inkeld Buchan sels, mar hast alle Comyn-kastielen yn Moray, Aberdeenshire en it greefskip Buchan. Dêrmei ferneatige Robert foargoed de frijwol ûnbegrinzge macht dy't it Hûs Comyn mear as hûndertfyftich jier lang oer grutte dielen fan it noarden en noardeasten fan Skotlân útoefene hie. Neitiid sette Robert ôf nei [[Argyll]], oan 'e Skotske westkust, dêr't er de [[Klan MacDougall]], ûnder [[Jan MacDougall fan Lorn]], in trouwe bûnsgenoat fan 'e Comyns, fersloech yn 'e [[Slach yn 'e Pas fan Brander]]. Nei dy oerwinning koed er it [[Kastiel fan [[Dunstaffnage]] ynnimme, it lêst oerbleaune Comyn-bolwurk.
[[File:MK18541_Bannockburn_Robert_the_Bruce.jpg|right|thumb|220px|It stânbyld fan Robert I fan Skotlân op it slachfjild fan [[Slach by Bannockburn|Bannockburn]].]]