Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 77:
[[File:Death_of_Comyn.jpg|left|thumb|270px|De dea fan [[Jan III Comyn, hear fan Badenoch|Jan Comyn]] yn 'e ''[[Greyfriars Kirk]]'' te [[Dumfries]].]]
 
Nei't er op dy wize halje-trawalje weromkeard wie yn Skotlân, beävensearre Robert op [[10 febrewaris]] [[1306]] in moeting mei Comyn yn 'e kapel fan it [[Sistersjinzers|sistersjinzer]] [[kleaster]], de saneamde ''[[Greyfriars Kirk]]'', te [[Dumfries]]. Dêr beskuldige er Comyn fan [[ferrie]], mei as gefolch dat se slaande deilis rekken. Neffens Barbour soe Robert Comyn dêrby lyk foar it [[heechalter]] fan 'e kapel deadien hawwe. Neffens in oare boarne, de histoaryske [[kronyk]] ''[[Scotichronicon]]'', oerlibbe Comyn it earste hângemien en waard er behannele oan syn ferwûnings, doe't Robert-en-dy hearden dat er noch yn libben wie. [[Roger fan Kirkpatrick]] soe doe mei de wurden ''"I mak siccar"'' ("Ik sil it bewissigje") mei [[JohnJan fan Lindsay]] ôfset wêze om Comyn wier út 'e ljochten te helpen. By Barbour ûntbrekt dit ferhaal. Hoe dan ek, foar Robert de Bruce wie it momint fan 'e [[moard]] yn 'e ''Greyfriars Kirk'' beslissend, om't er dêrmei syn opsjes werombrocht ta twa: hy moast sjen dat er kening waard, en oars soed er [[fûgelfaai]] ferklearre en as misdiediger ferfolge wurde.
 
Sadwaande spriek Robert noch yn 'e kapel foar syn neiste folgelingen, dy't er dêr by him hie, syn bedoeling út om 'e Skotske troan op te easkjen. Doe't se nei bûten giene, dêr't de folle gruttere eskortes fan himsels en Comyn it oerlis noch altyd ôfwachten, waarden troch beide partijen de swurden lutsen, en feroare it [[tsjerkhôf]] fan Dumfries yn in slachfjild dêr't Robert-en-dy de oerwinning behellen. Fuort dêrnei rieden se nei it Kastiel fan Dumfries, dêr't se it Ingelske garnizoen ta oerjefte twongen. Ut Dumfries wei hastige Robert him nei [[Glasgow]], dêr't er by biskop Wishart oangeande de moard en de ûntwijing fan 'e kapel te [[bycht]] gie en absolúsje krige. Wishart rôp de [[geastlikheid]] yn hiel Skotlân op om Robert te stypjen, mar doe't [[paus]] [[Klemins V]] fan it barren yn 'e ''Greyfriars Kirk'' hearde, [[ekskommunikaasje|ekskommunisearre]] er Robert dêrfoar.