Turfstekke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +kat
Streuper (oerlis | bydragen)
→‎Ploech: deiproduksje
Rigel 7:
 
== Ploech ==
Rûchwei kin steld wurde dat it turfstekken barde troch in ploechje fan in stik of fjouwer persoanen. Dat koenen folwoeksen manlju wêze, mar ek wol froulju en jonges. Ien fan de turfgravers stie wat fierder nei boppen om mei in ''stikker'' it [[fean]] op maat te snijen. Wat leger stie in twadde turfgraver dy't mei it ''opskot'' of de ''oplizzer'' de turven losstuts en op in [[slachkroade]] sette. Troch oare leden van de ploech waard dy kroade, beladen mei 12 oant 20 turven dy't byelkoar wol 70 kilo wêze koenen, nei it [[setfjild]] riden. De turfgraversploech kon sa op ien dei sa'n 6.000 turven meitsje. Mei in houten stok fan acht foet (sa 250 sm), foarsjoen fan koperen nonnen (as ûnderferdieling), waard de deiproduksje metten troch de ''stokkebaas'' (opsichter).
 
== Graafseizoen ==