Hoarnstersweach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
→‎Feanterij en Untginnen: heide oanmeitsje
Streuper (oerlis | bydragen)
Rigel 77:
Untginning fan grûnen en stifting fan pleatsen oant begin [[20e iuw]] binne dien troch [[Baronesse de Vos fan Stienwyk|Frêlle de Vos fan Stienwyk]]. Heidefjilden op sângrûn ([[woast lân]]) ûntginne wie doe nij foar Fryslân, mar mei djipspitte en keunstdong hiene se dêr fidúsje yn dat der genôch fan it lân ôf kaam. Ek de [[Peter Wilhelm Janssen|P.W. Janssen's Friesche Stichting]] ûntgûn grûn en stifte boerespultsjes yn Hoarnstersweach.
 
Yn [[1924]] is de ûntginningsmaatskippij "N.V. De Drie Provinciën" oprjochte dy't in soad [[heidegrûn]] by it doarp ûntgûn hat. De Heide Maatskippij hie by de wurken fan de NV de lieding. De ûntginning wie foaral bedoeld as [[wurkferskaffing]] foar it grutte tal wurkleazen. Nei [[1930]] is der in soad oan [[ûntginning]] dien. Foar en nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] binne der ek nije ûntginningspleatsen boud. De pleats oan de ‘Skoatterlânskewei’ 56 is boud om [[1925]] troch wurkleazen. Dizze wurkleazen wiene fan hûs út faaks gjin boufakkers. Letter waard dêr dêrom oanbestege (arsjitekten M.O. Meek en C.J. Wierda). De grûn, foaral fan de N-H tsjerke, waard kocht of ûnteigene. It jild kaam fan de ferkeap fan oandielen troch de NV oan de gemeente. De NV hie lykwols swiere ferliezen en ferkocht de grûn oan de oerheid. De pleatsen binne ein [[20e iuw]] troch [[de Domeinen]] ferkocht. De heide waard ôfbaarnd. By it oanmeitsjen fan de heide waard in Put (soad sleat) groeven fan 120 sm breed en 60 oant 80 sm djip, ôfhinklik fan de [[felstbank|fels]]laach. De grûn en de felslaag waard stikken hakke en nei boppen wurke om der letter humusrike grûn fan te meitsjen troch der lupinen (stikstof) op te plantsjen en te bedongjen mei keunstmest en dong. Foar in bettere grûn waard mei it skip ([[skûtsje]]s) [[dwingel]] brocht. Dit alles waard dan ûnderploege. De oertallige grûn waard neist de Put yn kypkarren op rails, dy't se hieltyd ferleinen, ôffierd nei legere dielen om de grûn te egalisearjen.
 
Yn eastlik [[Skoatterlân]] wienen grutte stakingen yn [[1925]] en [[1932]]. De lêste wie frij grut en barde by ûntginningswurk yn it eastlike diel fan it doetiidske Skoatterlân. Der waarden mei de tram wol 38 [[fjildwachter]]s en manskippen fan de maresjesee oanfierd om 400 arbeiders de tagong ta it wurk te ûntsizzen. Der waarden 15 minsken arrestearre dy't letter [[Finzenis|finzenisstraffen]] fan 1 oant 3 moanne krigen. De stakingen gienen om it oerelean dat doe 24 sinten wie en de eask wie 30 sinten. In hate opsjenner wie doetiidsk Gaauwe Spanjer.