Ferskil tusken ferzjes fan "Hoarnstersweach"

Yn eastlik [[Skoatterlân]] wienen grutte stakingen yn [[1925]] en [[1932]]. De lêste wie frij grut en barde by ûntginningswurk yn it eastlike diel fan it doetiidske Skoatterlân. Der waarden mei de tram wol 38 [[fjildwachter]]s en manskippen fan de maresjesee oanfierd om 400 arbeiders de tagong ta it wurk te ûntsizzen. Der waarden 15 minsken arrestearre dy't letter [[Finzenis|finzenisstraffen]] fan 1 oant 3 moanne krigen. De stakingen gienen om it oerelean dat doe 24 sinten wie en de eask wie 30 sinten. In hate opsjenner wie doetiidsk Gaauwe Spanjer.
 
Troch yn krante-atikel yn de [[Telegraaf]], socialistisch keamerleden fan Skoatterlân yn de [[Twadde Keamer]], in Polygoon-filmke út 1926, presintaasjes mei glêsplaten waarden de tastannen lanlik bekend. De Opboukommisje (''Commissie voor de opbouw van Oost-Schoterland'') fan [[1928]]/[[1929]] is oprjochte nei besite fan [[Jan Kan|minister Kan]] yn [[1927]] en nei foarbyld fan [[Emmen]]. Doe binne der ek lânarbeidershuzen boud, wêrfan’t oan de Dekemawei en it Rogmonepaad noch in pear te finen binne. De [[Griene Krús]]post wie by de kristlike skoalle. De wyksusters en –baaksters fan it Griene Krús leinen tûzenen besiken it jier ôf oan siken, memmen yn ferwachting en minsken mei [[Tuberkuloaze|tbc]]. De memmen kamen mei har bern nei it konsultaasjeburo. Se krigen ek memmekursussen. Fan [[1932]] ôf hâlde ds. Retel aksjes wêrby't guod út hiel [[Nederlân]] ynsammele waard. It wie foar krystpakketten foar de minsken dy't yn in [[spitkeet|spithutte]] op de heide wennen of oan de wiken yn hoallen yn de liemen wâlen dy't meastentiids mei pealtsjes, planken en kisthout betimmere waarden. (de 'heidsjers' en de 'wyksters' of 'swarten'). De liemen wâlen by de wiken en lâns de Skoatterlânske Kompanjonsfeart binne wei helle en it heechfean der ûnder is mei baggelbakken ta turf makke.
 
De [[ruilferkaveling]] “Tjongervallei Noord” waard yn [[1953]] stimme en duorre fan [[1955]]-[[1960]]. It gie om 300 eigeners en 165 boeren en 1050 ha. It gie om súd-westkant Donkerbroek oant de Prikkedaam. De nije pleatsen fan it Fryske type krigen in Hollânske stâl. Yn de santiger jieren fan de [[20e iuw]] wie der de ruilferkaveling “Jubbega-Schurega”. Doe is it wetterpeil sterk ferhege troch keardamen in de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en troch sleaten te grave. Ek binne doe bosken oanplante. De opstrekkende ferkaveling is yn de rin fan de tiid, foaral troch de ûntginning en de ruilferkaveling, feroare yn in blokferkaveling. Mar noch altiid is de knik yn de ferkaveling te sjen: noardlik fan de âlde leidyk de wiken dwers op de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en besuden de âlde leidyk dwers op de "Skoatterlânskewei".
2.750

bewurkings