Hoarnstersweach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
Streuper (oerlis | bydragen)
→‎Gea: minggat
Rigel 37:
Op de wat hegere greiden en heide weiden se fan alle soarten fee. De dong fan it fee en de seadden stutsen fan de heide waarden brûkt foar it bedongjen fan noch heger lizzende boukampen mei ûnder oaren [[rogge]] en [[bokweet]]. Op 4 juny 1812 wie de foarrie fan rogge 0 en [[bokweet]] 31 [[lopens]] (1 lopens is ± 80 liter). Dat dêr is dan noch in soad woast lân. Om de pleatsen en ikkers hinne wienen ornaris wat boskjes.<br>
De skiep en kij waarden skepere op de heide by de Tsjonger. Dêrtroch bleau de heide. Oan beide kanten fan de Skoatterlânskewei wiene plakken mei heide. Troch iuwenlange beweidzjen en ôfplagjen fan seadden foar de [[Leechstâl|potstâl]] waarden mineralen ôffierd en ferskraalden grutte stikken fan de sângrûn. Boppedat wie troch befolkingsgroei mear hout nedich. Op dy plakken ûntstienen heidefjilden. Op 'e heide waarden ek [[Huningbij|ealjebijen]] hâlden foar [[huning]]. Doe begjin tritiger jierren fan de 20e iuw de Grifformearde Tsjerke mei dêrneist de pastorije boud waard oan de “Skoatterlânskewei” stienen dy op in keale flakte. Ek wie der heidebrân dy't noch tiden ûndergrûnsk troch baarne. Dêrtroch trape men soms ûnferwachts yn in gat mei jiske.
 
By hûs hie men in minggat fan 3 by 4 meter yn'e grûn foar túch en ôffal lykas griente en sa. Yn it foarjier kaam it oer it lân of tún.
 
De twadde helte fan de 20e iuw, wie de heide net langer mear ferbûn mei de lânbou troch de seadden foar de stâl en de ikkers en foar beweiding. Ynstee dêrfan waard de heide brûkt foar rekreaasje en toerisme (lânskip), [[bioferskaat]] en kultuerhistoarje (museumfunksje). Heide is noch te finen oan de [[Prikkedaam]], de Laweisreed, de Jelle Heidawei, de Jan Hofswyk en de Jan Everstwyk. Ienris yn de safolle tiid komt de hoeder mei de skiep om it fergerskjen fan de heide te kearen.