Sherlock Holmes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
LNo edit summary
Rigel 4:
Holmes wie in riejaand speurder, dy't mei syn grutte kentnis fan de misdie en syn redenaasjetalint saken oplosse koe dêr't oaren net útkomme koenen. Hy wie de haadfiguer yn likernôch sechtich misdiedferhalen fan Doyle, meast mei Dr. [[John Watson]] as syn selskipsman.
 
Doyle hat him by de beskriuwing fan de figuer ynspirearje litten troch Doyle syn learaar by syn stúdzje genêskunde, [[Joseph Bell]]. De opset fan de ferhalen wie lykwols in neifolging fan [[Edgar Allen Poe.]], mei de figuer fan [[Auguste Dupin]]. Lykas Poe hat er syn haadfiguer en alter-ego opdield yn twa persoanen: de speurder dy't de redenaasjes fan de skriuwer stalt jout en syn selskipsman de ik-figuer dy't it de speurder mûglik makket de lêzer de oplossing út te lizzen. Dit stramyn waard ek troch ferskate neifolgers fan Doyle brûkt.
 
Sherlock Holmes waard tige populêr; sa populêr dat der in lawine fan protesten kaam doe't Arthur Conan Doyle yn [[1893]] syn held stjerre liet. Mûglik wie dat foar in part de grûn foar de weromkomst fan Sherlock Holmes yn [[1901]]. De populêrens laat yn de [[20e iuw]] ta mear as 200 films oer Holmes. Op [[Baker Street 221 B]] yn [[Londen]], it adres dêr't Sherlock Holmes yn de ferhalen wennet, is in [[Sherlock Holmes Museum]] ynrjochte.