Helikopter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 3:
 
In '''helikopter''', '''wintelwjuk''' of '''hefskroeffleantúch''' is in [[fleantúch]] mei ien (of twa) grutte [[Rotor (helikopter)|rotor]](s) mei in fertikale as. De namme komt fan it [[Gryksk]]e helix/helik- (ἕλικ-) = 'spiraal' of 'draaiend' en pteron (πτερόν) = 'fleugel'. Helikopters hawwe fergelike mei fleantugen (mei útsûndering fan de [[Hawker Siddeley Harrier|Harrier]], [[Yak-38]] en de [[F-35]]) it foardiel dat se fertikaal opstige en lanje kinne - sadat se gjin start- en lanningsbaan nedich hawwe -, yn de loft stil hingje kinne en sydwerts en efterút fleane kinne. Se wurde dêrom bygelyks in soad ynsetten by rêdingsaksjes. Dêrneist binne der ek militêre (ferfier fan troepen en materieel) en sivile (passagiersferfier oer koarte ôfstannen en fan en nei [[offshore]]ynstallaasjes en skippen) tapassings.
 
De alderearste helikopterflecht yn de wrâld wie dy fan [[13 novimber]] [[1907]] yn [[Lisieux]] troch de Frânske fytsenmakker [[Paul Cornu]]. Dy syn helikopter hie twa rotors, oandreaun troch in 24-pk-motor. Hy helle in hichte fan twa meter en fleach in lytse tweintich sekonden.
 
 
[[Kategory:Helikopter]]