Diamond Jackson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
L →‎Karriêre: [[]] oars
Rigel 19:
 
==Karriêre==
Jackson is hikke en tein yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Floarida]]. Oer har iere libben is net folle bekend. Yn [[2007]], doe't se 41 jier wie, rekke se as in [[webcam]][[model (berop)|modelwebcamgirl]] belutsen by de Amerikaanske [[porno]]yndustry, nei't se reägearre hie op in advertinsje yn in krante. Datselde jiers noch makke se har debút yn in [[pornografyske film]], en oant se har yn [[2012]] út 'e pornoyndustry weromloek, spile se yn 33 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as ''[[Jules Jordan Video]]'', ''[[Elegant Angel]]'', ''[[Pure Play Media]]'', ''[[West Coast Productions]]'' en ''[[Vivid Entertainment]]''. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as ''[[Reality Kings]]'', ''[[Brazzers]]'' en ''[[Naughty America]]''.
 
Jackson is in goed foarbyld fan 'e âldere aktrises dy't sûnt likernôch [[2000]], troch de tanimmende populariteit fan [[milfpornografy]] wurk fûn hawwe yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Njonken har aktearwurk posearre se ek foar [[neakenblêd]]en lykas ''[[The Score Group|Score]]'', en gie se troch mei te wurkjen as webcamstripper en mei it jaan fan ''live''-seksfoarstellings fia webcams yn 'e studio yn har eigen hûs.